Ut de sutelkroade

Yn de Sutelaksje barre altiten wol aardige, nuveraardige of opmerklike saken. Meld se ús!
Stjoer in ferhaaltsje, anekdoate of foto nei ynfo@fryskeboek.nl mei yn de ûnderwerprigel Ut de sutelkroade


freed 30 oktober

Oerterp Sutelplak fan it jier 2009

plaatsjeOerterp - Yn Oerterp is fan ’t jier omraak mei Fryske boeken sutele. Sa’n 45 minsken wiene op 2 oktober mei kroaden fol boeken ûnderweis troch it doarp. Om sa’n grutte ploech mei sa’n soad entûsjasme oan it boekferkeapjen te krijen is in fertsjinste fan de pleatslike organisaasje. Fertsjintwurdigers fan ferskate ferienings setten meielkoar de skouders derûnder om der in moaie Sutelaksje fan te meitsjen. Oerterp is dêrom ta it Sutelplak fan it jier 2009 útroppen.
De sutelers yn Oerterp fine it in griis dat It Fryske Boek yn 2009 foar it lêst in Sutelaksje organisearre hat. ‘Wy wolle der graach mei trochgean, wie it kommentaar. It Fryske Boek is drok op ‘e siik ei in alternatyf foar dy grutte promoasje-aksje. En dan wurdt sa’n plak as Oerterp grif by de nije plannen belutsen.
Yn Oerterp waard sutele op 2 oktober. Tusken 13.30 en 20.00 oere wiene de minsken mei de kroaden op stap. Ek yn Rêsthûs De Lijte en yn it MFS De Wier sieten frijwilligers te ferkeapjen en der wiene bakken mei nije berneboeken nei de trije skoallen ta brocht. Om’t de buorren troch in renovaasje folslein op ‘e kop stie waard de Fryske Boekebus nei twa ferskillende plakken stjoerd. Sa koene belangstellenden fan alle kanten noch efkes yn ’e bus sjen om’t dêr dochs aardich wat mear yn stiet as yn in kroade leit.
plaatsjeDe beide kontaktpersoanen fan Oerterp, Aukje Visser en Lysbeth Wilstra, krigen op 30 oktober op de feestlike trûbadoersjûn yn It Posthûs op It Hearrenfean, oarkondes en boeken foar alle sutelers mei fan Tsjerk Veenstra, bestjoerslid fan de Stichting It Fryske Boek.
Rink van der Velde is noch altyd tige populêr yn Oerterp. De Fjildferhalen fan dy skriuwer waarden it meast ferkocht. Mar ek oare romans lyk as De beferzen mar fan Durk van der Ploeg en de Oarlochsferhalen fan Wadman wie aardich belangstelling foar. En fansels berneboeken as it Aksjeboek foar bern: Mem, wat ite wy hjoed? en de lytse Koesboekjes, de Tomke-, Jentsje- en Nijntjeboekjes, it opnij útbrochte Tutte mei de linten en it Ytboekje.


freed 18 oktober
plaatsjeGrou – Ferline jier waard dat doarp noch ta Sutelplak fan it jier útroppen. Dat is in predikaat fan It Fryske Boek foar in plak dat him ûnderskiedt yn de organisaasje fan de Sutelaksje en de belutsenens by dat fenomeen.
Yn Grou waard, lykas yn de measte plakken yn Fryslân om it jier mei de boekekroaden sutele. De Grousters soene dêrom dit jier frij hawwe. Mar om’t it de lêste Sutelaksje yn de besteande foarm wurde soe woenen se dochs noch in kear meidwaan. In oprop fan kontaktfrou Pytrik Bouma levere spontaan sa’n fjirtich sutelers op. It soe noch in kear heve en wol op de alderlêste dei fan de Sutelaksje, op freed 16 oktober.
plaatsjeDêrmei befêstigen de Grousters it typyske skaaimerk fan de bliksemaksje dy’t it altiten west hat. Om trije oere swermen in lytse tweintich twatallen mei kroaden fol boeken út troch it doarp. Oan de ein fan de middei kaam stadichoan alles wer op it Oastergoplein by de boekebus werom, de lêsten nei sânen, it wie al tsjuster.
plaatsjeDan is it ferkeaplisten optelle, de ponge op ‘e kop – spannend, kloppet it allegearre wol – en de wederwarichheden fan ûnderweis útwikselje. Stadichoan rint de bus wer leech, de bakken en kroaden wurde teplak set en de balâns opmakke. Goed € 3.700,- jout de teller oan. In prachtich bedrach foar sa’n spontane tuskentiidske Sutelaksje yn Grou.


tongersdei 8 oktober
Droegeham - plaatsjeKrekt as by in lotterij falt út en troch ek yn de Sutelaksje in doarp yn de prizen. Alle kearen as de sutelers wer foar in hele Euroton oan boeken ferkocht hawwe is dat foar It Fryske Boek in oanlieding om efkes omtinken oan te jaan. Sa wie dat op 8 oktober yn Droegeham en Stynsgea, foar de tredde kear yn dizze aksje, dus de omset kaam oer de € 150.000,-. Alle boekesutelers krigen dy deis njonken de wenstige Skriuwerskalinder in ekstra presintsje. De skoallen yn de plakken koene tidigje op in boekebon fan € 35,-, te besteegjen oan Fryske berneboeken.


tiisdei 6 oktober

plaatsjeWinaam - De Sutelaksje fan it Fryske Boek is altiten safolle mooglik mei de maatskiplike ûntjouwingen meigien. Sa naam om en by de ieuwiksel it jûnssuteljen in grutte flecht. Oerdeis kamen de boekesutelers aloan faker foar de tichte doar. Op advys fan kollektanten en sutelers (gauris deselden) is it kroaderinnen yn in hiel soad plakken nei de jûnsoeren (fan 5 oant 8 oere) ferskood. In gouden greep, sa die al gau bliken.
In bykommend ferskynsel is dat de lêste kroaden gauris yn tsjuster binnen komme. Sa wie it ek yn Winaam. Kontaktfrou Baukje Kuperus loadste de busminsken doe mar nei binnen en by de keukentafel en ûnder it genot fan in bakje waarden de lêste listen teld en ôfhannele.


moandei 5 oktober

PlaatsjeLangwar - Samar ris in sutelmiddei, ientsje út de seis wike duorjende Sutelaksje 2009. No yn Langwar. Om’t it de lêste boeke-sutelaksje yn de besteande foarm is komt de sutelploech op fersyk fan kontaktfrou Van der Schaaf earst efkes byinoar yn it ferieningsgebou by de tsjerke. Begjinne mei in bakje kofje.
plaatsjeLykas rûnom yn de provinsje binne ek de sutelers (en in hiel soad lêzers) yn Langwar fernuvere dat de Sutelaksje nei de 38ste kear ophâld. It fenomeen heart ommers al sa lang ta de fêste kulturele eveneminten yn Fryslân.
Op grûn fan in tal swierweagende arguminten hat It Fryske Boek dochs besletten mei de jierlikse kampanje op te hâlden. De wichtichste binne:

  • benammen yn de wat gruttere plakken wurdt it hieltiten dreger om kontaktpersoanen en foldwaande sutelers byinoar te krijen
  • in soad potinsjele sutelers hawwe in baantsje as oppaspake of –beppe of geane der mei moai waar noch efkes op út
  • hieltiten mear partners wurkje beiden en hawwe gjin tiid mear om te suteljen
  • de opbringsten weage hast net mear op tsjin de fêste kosten om de sutelkaravaan geande te hâlden
  • troch organisatoaryske feroarings yn de útjouwerswrâld wurdt it dreech om de foarrieden boeken en cd’s yn de Sutelaksje op peil te krijen en te hâlden.

Foar dy arguminten kinne ek de Langwarders wol begryp opbringe, mar dochs bliuwe hja it spitich finen dat der no in ein oan komt.
plaatsjeLikegoed set de ploech boekekroaderinners wer fleurich de stap der yn. De bus krijt in gaadlik plakje by de bushalte midden yn de buorren tawiisd. Ut en troch komme sutelers lâns om oanfollings foar de kroade of klanten dy’t nei de ridende boekwinkel trochferwiisd binne. It is al tsjuster as de lêste sutelers werom komme, trochstrings mei in moaie rige titels op de ferkeaplist. Nei de telling blykt dat yn Wâldsein poerbêst ferkocht is. It einbedrach komt út op € 2.430,-. Dat is hast tûzen euro mear as de foarige kear.


sneon 26 septimber

plaatsjeFeanwâlden - Yn it 38-jierrich bestean is de Sutelaksje tige yn it Fryske kulturele libben bewoartele. Dit jier komme de sutelers lykwols foar it lêst mei de boekekroaden by de doarren lâns.Talleas binne dan ek de faak ferbjustere reaksje fan lêzers en sutelers as se hearre dat it de lêste aksje is yn dizze foarm. Gauris wurde dan suggestjes meijûn hoe’t it oars kin, lykas dy fan de famylje Meerstra yn Feanwâlden: ‘Hooplik oant in oare Sutelaksje en dan mei in platte karre of sa. Mar it is wol spitich dat de kroade no út it sutelbyld ferwynt’.

plaatsjeDe moaie neisimmerdei dat yn ferskate plakken de Nationale Burendag fierd wurdt, in mannich Friezen op it Reaklif de slach by Warns yn 1345 betinke en de sutelers fan It Fryske Boek de earste Euroton byelkoar kroadzje yn Feanwâlden, Feanwâldsterwâl en Hitsum mei de buor-skipkes Westerhitsum en Sopsum.
It is krekt op de helt fan de Sutelaksje dat de omset oan Fryske boeken en lûddragers oer de grins fan de earste Euroton hinne tild wurdt. In prachtich resultaat, dat frijwol lyk strykt mei de prognoazes dy’t yn ’t foar makke binne op grûn fan de resultaten út eardere jierren.
plaatsjeDe sutelers yn boppeneamde plakken profitearje der in bytsje fan mei; hja krije allegearre in ekstra boek mei nei hûs. Ek de skoallen yn Feanwâlden en Hitsum diele mei yn it feestje. Se krije in boekebon fan € 35,-, te besteegjen oan Fryske berneboeken,  tastjoerd.
De list fan bêst ferkochte boeken begjint him in bytsje ôf te tekenjen. By de romans binne dat bygelyks de sammele Fjildferhalen fan Rink van der velde, De kâlde krústocht fan Hylke Speerstra, In liet foar myn jonge fan Riek Landman  en Potstro Fongers fan Sietse de Vries. Yn it sjenre ferskaat docht it (foto)boek fan Jehannes Doedes de Jong, Boerewurk, it hiel goed. By de berneboeken is in soad fraach nei de Tomkeboeken en it itensiedersboek, it Ytboekje, fan Wieke de Haan.
Benammen by de bêst ferkeapjende boeken jout de grutte fraach noch wolris wat problemen yn de oanfier fan nije foarrieden. Dat jout altiten ekstra wurk troch de mannichte oan neibestellings, mar dat is no ienkear anneks mei it fenomeen Sutelaksje.


freed 25 septimber

Lêste Sutelaksje Fryske boeken yn Easterlittens en Baard

(troch Gelbrigje Haringsma, Kontaktpersoan Fryske Boek)

plaatsjeEasterlittens - Op freed 25 septimber wie it foar de lêste kear dat de kroaden mei Fryske boeken troch it doarp kamen. Stichting It Fryske Boek sil ferdwine en it personiel giet oer nei Tresoar. Jimme hawwe it yn de Skille fan oktober lêze kinnen.
Yn Littens en Baard waard der, al mear as tweintich jier, om de twa jier sutele en oan frijwilligers gjin gebrek. Dy’t mei sutelden fûnen it spitich dat it no ophâlde sil. De opbringst wie altyd aardich heech as men dat fergelike mei doarpen mei itselde tal ynwenners of mear.

Freedtemiddei om fiif oere setten wy út ein, it wie prachtich waar. Mei fjouwer kroaden yn Littens en twa yn Baard en noch in auto mei boeken foar bûtenút koe it suteljen begjinne.
It rûn as it spoar by guon, oaren troffen in protte minsken net thús. Mar al mei al is der bêst ferkocht, der is foar € 2041,55 euro oan boeken de kroaden útgien.
Om goed acht oere wie elk wer by de bus en nei it ôfrekkenjen hawwe wy yn it kafee noch efkes neisitten. It wie op ’t lêst ek de allerlêste kear en neffens my wiene mear as de helte fan de sutelsters der de allerearste kear ek al by.
Sutelsters út Easterlittens: Taet Toering, Anneke Broersma, Roelie Breimer, Harmke Lok, Tineke Faber, Lolkje Bouma, Ynskje van der Wal, Alie Stropsma, Christien Ebbinge, Neeltje v.d. Woude en út Baard: Bettie de Jong, Jikke Jorna en Klaske van der Meer, allegear tige betanke foar jimme ynset.


tiisdei 22 septimber

Damwâld - plaatsjeIn topdei hjoed, yn de Sutelaksje 2009. Twa grutte plakken, Dokkum-súd en Damwâld, moatte besutele wurde. Sa’n 90 frijwilligers sille mei 45 kroaden fol Fryske boeken by de doarren lâns om de kostbere hannel ûnder de minsken te bringen.
 Op de ôfsprutsen tiid komme de bussen, ôfladen fol mei kroaden en boekebakken op de startplakken oan. Kroaden útlade, bakken der yn, noch wat koarte ynstruksjes, rûtes ferdiele en dan op ‘en paad. It is krekt in dowetille dêr’t ynienen in flecht dowen út loslitten wurdt.
plaatsjeEfkes is it rêstich yn en om de bus. Al rillegau komme de earste telefoantsjes binnen (noflik dy hjoeddeistige kommunikaasje) mei fragen om oanfollings. Nei ferrin fan tiid komme alle ‘dowen’ werom, mei ferhalen oer harren wederwarichheden ûnderweis en - wat foar It Fryske Boek it wichtichste is - de ferkeapresultaten. Noch wat yn de bus sneupe en ôfrekkenje mei de kassier. Altiten wer spannend: komt myn list oerien mei it jild dat ik yn de ponge haw?
plaatsjeAs alles ôfrekkene is krije de kontaktpersoanen de opbringst noch te hearren. Alle werom kommen boeken en de kroaden wurde yn de bus laden. De aksje, dy’t trochstrings fjouwer oant fiif oeren it plak duorret, sit der wer op.
De sutelers yn Dokkum-súd ferkochten dizze dei foar € 3.940,- en dy yn Damwâld foar € 4.445,-


sneon 19 septimber

plaatsjeGau - Yn trije doarpen yn de Legean, Goaiïngea, Gau en Offenwier,  binne de sutelers fan It Fryske Boek altiten tagelyk mei de boekekroaden op ‘en paad. Dat is in hele organisaasje. De boekebus moat dan wat op en del pindelje om de sutelploegen te betsjinjen. In fêste tsjinstregeling is sa’n dei fansels net mooglik. Der moat dan wolris efkes wachte wurde. In halte fan de (skoal)bus is op sa’n stuit wol in noflik plakje om efkes lins te hâlden. Benammen mei sok prachtich waar op dy moaie Aldwivesimmerdei yn Gau... 
De boekekroadesutelers ferkochten yn de Legean foar goed € 2.550,-


Sneon 19 septimber

plaatsjeJellum - Tûzenen pompoenen, tûzenen minsken, tsientallen diskes mei in grut ferskaat oan hannel. Dat wie it skaaimerk fan it jierlikse Pompoenefestival yn Jellum, dat yn it wykein fan 19 en 20 septimber holden waard. It Fryske Boek wie der ek by mei twa diskes, ien mei in hiele kolleksje Fryske boeken en ien mei ynformaasje oer it nije itensiedersboekje foar bern, it Ytboekje fan Wieke de Haan en Jacqueline van Leeuwenstein.

plaatsje









It Pompoenefestival yn Jellum is yn in pear jier útgroeid ta in evenemint dat in smite folk lûkt.  It Fryske Boek spile dêr  ek op yn, benammen mei in diske oer it Ytboekje, dat de kommende dagen it Boek fan de Wike is yn de Sutelaksje.
Skriuwster Wieke de Haan organisearre in tal workshops oer itensieden foar bern en dielde in moai soad hantekeningen út yn it nije Ytboekje.

plaatsjeIt boekediske die ek goede saken. De beide akkordeonisten Gryt en Agatha spilen letterlik en figuerlik net swak by yn it ferheegjen fan de belangstelling en de omset. De diskes leveren op de Pompoendagen krapoan € 900,- op.




 


woansdei 16 septimber

plaatsjeMinnertsgea - De Sutelaksje fan It Fryske Boek berikte op 16 septimber de mylpeal fan de earste € 50.000,- Dat barde yn de plakken Minnertsgea, Wier  en Surhuzum, de trije doarpen dêr’t de boekesutelers tagelyk op ‘en paad wiene.
As ekstra presintsje krigen hja dêrom njonken de Fryske Skriuwerskalinder in bûsboekje mei nei hûs. Ek alle skoallen yn de trije doarpen diele mei yn it feestje. Dy krije allegearre in boekebon fan € 35,-, te besteegjen oan Fryske berneboeken.







 

 


moandei 14 septimber

plaatsje
Kûbaard - De sutelers fan It Fryske Boek hawwe op moandei 14 septimber wer mei de boekekroaden op ‘en paad west yn Kûbaard en omkriten. Foar it earst giene hja yn de neimiddei en it begjin fan de jûn by de doarren lâns. Ek yn Kûbaard hat dat ‘jûnssuteljen' wol fertuten dien, sa hat nei de earste telling bliken dien. Der is foar € 1.066,30 oan Fryske boeken en lûddragers ferkocht. Dat wie sawat foar € 400,- mear as twa jier ferlyn, doe’t noch op middei sutele waard. Om distiid treffe je folle mear minsken thús, wie de wenstige reaksje.


moandei 7 septimber

plaatsje
Skettens - Frijwilligers hawwe moandei 7 septimber fan fiif oant acht oere yn aksje west om safolle mooglik boeken, cd's, Skriuwerskalinders ensfh. oan de man/frou te bringen yn Skettens-Longerhou-Skraard.
Dat is wer tige slagge, want nei ôfrin koe de balâns opmakke wurde en it die bliken, dat der foar € 2.098,18 ferkocht wie. It waar koe net better, sa't de foto wol sjen lit mei Pedro Bakker efter de kroade en syn frou der njonken.
(boarne: Dorpskrant Viadukt


sneon 5 septimber

Stiens - Fryske skriuwers wiene sneon man-/froumachtich opkommen nei de jiermerk yn Stiens. Hja besochten entûsjast har eigen wurk en dat fan de kollega’s oan de lêzers te ferkeapen. Benammen healwei de middeis wie dat net in poepetoer, want in mannichte oan publyk skode foar de kreamen lâns en toande in grutte belangstelling foar de nije Fryske útjeften..
De jiermerk yn Stiens like de moarns earst noch letterlik yn it wetter te fallen. In hjerstige seame skode stadich oer it noarden fan Fryslân en de rein foel mei bakken út ‘e loft. Om de middei hinne klearre it lykwols op en it sinneskynwaar lokke dochs noch in soad minsken nei de bradery. Sadwaande diene de skriuwers tige goede saken foar It Fryske Boek.

plaatsjeSa’t de lêste jierren al wenst is gie de belangstelling benammen út nei de berne- en jeugd boeken fan skriuwers plaatsjeas Auck Peanstra, Lida Dykstra, Anny de Jong en Riemkje Pitstra. En as dan ek noch in hantekening fan in libbensliif oanwêzige skriuwer of skriuwster te ferjaan is giet de hannel noch flotter. In goede graadmjitter wie it Aksjeboek foar bern Mem, wat ite wy hjoed fan Berber van der Geest en Babs Wijnstra dat foar in lyts pryske by de oankeap fan berneboeken te krijen wie. Dat rûn dat it slydjage.
In jeugdich promoasjeteam, besteand út Bo en Natasja, holp de middeis mei om it printeboek Mem, wat ite wy hjoed ûnder de oandacht te bringen. Tapaslik ferklaaid dielden se platen út foar in kleurwedstriid om it askjeboek hinne.plaatsje
By de folwoeksenen wiene In beferzen mar fan Durk van der Ploeg, Potstro Fongers fan Sietse de Vries, it fotoboek Boerewurk fan Jehannes Doedes de Jong en De jonge aaisiker fan Gjalt de Groot bêst ferkeapjende boeken. De diskes yn Stiens leveren by eintsjebeslút in bedrach fan € 3.350,- op.


freed 4 septimber

Stiens - Mei barstend geweld en jankende sirenes draait de kolossale giele brânwachtauto fan de Ljouwerter fleanbasis it plein foar it gemeentehûs yn Stiens op. Dêr foeget er him by de lytsere reade broer fan de brânwacht fan Ljouwerteradiel. Wêr is de brân? Gelokkich nearne. De weinen jouwe gjin needsinjaal ôf mar in startsinjaal foar de Sutelaksje fan It Fryske Boek.

plaatsjeAly van der Mark klimt út de machtige kabine fan it spuitgefaarte en wurdt troch boargemaster E.J. ter Keurs ferwolkomme. Tegearre toane hja it grutte ‘startboerd’ mei dêrop it parsefarske jubileumboek fan It Fryske Boek en de nije Fryske Skriuwerskalinder oan de omstanners.
Gjin fleanende start dus, sa’t earder oankundige wie. De SAR-helikopter stie mei maleur noch oan ‘e grûn op it Amelân. Spitich mar it is net oars. De sutelwille is der alteast net minder om.

 

                  plaatsje

 
plaatsje

De boekesutelers, in ploech Fryske skriuwers en Stienzers, krije fan boargemaster Ter Keurs ek noch in moaie Fryske taspraak mei foar ûnderweis Hoewol’t it de lêste Sutelaksje yn de hjoeddeistige foarm is hopet hy dat It Fryske Boek ek yn de takomst de lêzers yn de doarpen en buorskippen noch betsjinje sil en de promoasje fan Fryske literatuer  op ien of oare wize trochset.

plaatsje

Nei de bemoedigjende wurden fan de boargemaster mei de earste ploech sutelers noch op staasjeportret. Dat plaatsje ropt in byld op fan de start fan de earste Sutelaksje (yn 1972) mei promininten en skriuwers op it Saailân yn Ljouwert. Doe lykwols mei sutelbakjes foar it liif en no mei kroaden.

plaatsje

Dan stappe de sutelers efter de kroaden en yn kolonne panderje se nei De Skalm, de útfalsbasis fan de Sutelaksje yn Stiens en omkriten. plaatsjeAly van der Mark bringt harren dêr noch yn de kunde mei Jan Weistra, de fotograaf dy’t it prachtige byldwurk fan de Skriuwerskalinder levere hat.
plaatsjeTusken de bedriuwen troch krije de boekesutelers in bôlemiel oanbean fan de gemeente Ljouwerteradiel. Trûbadoer Adri sjongt en spilet dêrby noch in tal lieten út syn mânske repertoire.
Mei nije moed set de jûnsploech wer út ein. Sa kin in moai part fan Stiens besutele wurde. Ek Britsum wurdt yn de rin wei meinommen. Geandewei de jûn wurdt it waar minder, mar dan binne de measte sutelers werom op de thúsbasis. Yn de Skalm wurdt de opbringst fan de prolooch fan de 38ste Sutelaksje noch bekend makke: € 4.400,-!

                          plaatsje

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Opbringsten 2009

  Benijd nei de opbringsten yn 2009?
Klik
hjir!