Rymposter 2009
Rymposter mei it Smûzersalfabet
De Stichting It Fryske Berneboek en Bibleteek-service Fryslân makken fan ’t jier foar in bysûndere rymposter foar de Berneboeketiid. Yn ferbân mei it jubileum fan It Fryske Boek hat Nanne Kalma de measte teksten fan de rymposters út de ôfrûne 12 jier op muzyk set. De muzyk by de tekst fan 2004 wie al earder makke troch Geartsje Douma en dy fan 2008 troch Hedzer Tijtsma. Alle ferskes steane op de cd Smûzje en wurde songen troch Nanne Kalma en Ankie van der Meer.
Ek de muzyk fan de 13e rymposter stiet al op dy cd. De byhearrende tekst op de rymposter fan 2009 is skreaun troch bern fan de basisskoallen It Pertoer fan Burgum, Op ’e Trije fan Ferwert, De Krunenstrobbe fan Jorwert, de Professor Wassenberghskoalle fan Lekkum en de Trije Doarpenskoalle fan Reduzum. Dat barde ûnder lieding fan Nanne en Ankie. De tekst slút oan by it tema fan de Berneboeketiid: Om ’e tafel: Ite en snobje yn berneboeken. De yllustraasje is fan Yke Reeder. Sy wie ek de yllustratrise fan it cd-boekje.
Alle skoallen, bibleteken en berne-ôfdielings fan sikehuzen yn Fryslân krije in fergees eksimplaar tastjoerd.
Mear ynformaasje oer de Berneboeketiid en de Rymposter is te finen op de wbeside fan It Fryske Berneboek.
