Fryske Boekemerk 2009
Tiden hawwe tiden. Alles hat ien kear in ein. Dat jildt allyksa foar de Sutelaksje fan It Fryske Boek. Nei 38 jier is no ek in ein kommen oan de tradysje om mei kroaden de Fryske literatuer troch hiel Fryslân út te suteljen. Op sneon 17 oktober is dy jierlikse promoasjekampanje foar de lêste kear ôfsluten mei de wenstige Fryske Boekemerk op Frânske Pleintsje yn Drachten.
De Fryske Boekemerk yn Drachten, yn in skier ferline in inisjatyf fan de ferneamde skriuwer Rink van der Velde, wie linkendewei ta in soarte fan skriuwersreüny útgroeid. De lêste jierren kamen al mear as fjirtich skriuwers in dei byelkoar op it smûke pleintsje, ûnder de machtige beam, om dêr harren eigen wurk en dat fan de kollega’s te ferkeapjen en te sinjearjen. De merk wie in moetingsplak om wat by te praten en foar de kontakten mei de lêzers.
Hast symboalysk foar it brekken fan in tradysje, wie diskear ek it hechte fjouwerkant fan de diskes om de beam ferbrutsen, troch it tadwaan fan in jimmeroan kleiende nearingsike middenstanner. De boekekreamen wiene útelkoar skuord en stiene wat ûnwennich oer it plein en de promenade ferspraat. Nee, dan de positive ynslach fan de eigener fan de neistlizzende Boekhannel Brouwer. Allike tradisjoneel wie moarns kofjetiid syn omgong mei de gebakdoaze lâns de frijwillige boekferkeapers foar ien dei.
Ien fan de meast stelde fragen op de Boekemerk wie: ‘Wêrom hâldt It Fryske Boek op mei it boekesuteljen?’ In tal arguminten is werom te finen yn de rubryk Ut de sutelkroade op dizze side. Dochs bliuwt it spitich dan sa’n promoasjekampanje dy’t nearne syn wjergader fynt, ophâldt te bestean.
Nettsjinsteande al dy hûnderten frijwilligers dy’t yn de ôfrûne 38 jier foar sawat fiif miljoen euro oan Fryske boeken oan de doar ferkochten. Der wurdt de kommende tiid lykwols yntinsyf socht nei eigentiidske alternativen.
De somtiden wat mankelike sfear waard sneon aardich ferjage troch de ferneamde muzykgroep Wiltsje fan Peazens dy’t skriuwers en lêzers mei harren oansteklike optredens opfleure. 
It resultaat fan de Boekemerk yn Drachten wie by eintsjebeslút in omset fan € 5.800,-. Dêrmei komt de foarriedige einstân fan de Sutelaksje út op goed € 195.000,-.

