Aksjeboek foar bern
Berber van der Geest en Babs Wijnstra
Mem wat ite wy hjoed
It jonkje Rolfke freget oan syn mem wat der hjoed op ’e tafel komt. Mem riert sjongend yn ’e panne en mei allegear fantasywurden leart sy har jonge allegear siswizen oan. Bygelyks sa sterk as in liuw en honger as in wolf. Syn mem fergeliket it lytse mantsje mei de bisten, mar dat wol Rolfke net. Allinne in fretwolfke dat wol er wòl wêze. Hoe’t it mei him ôfrint, bliuwt noch spannend!
Mem, wat ite wy hjoed? is in printeboek, skreaun troch Berber van der Geest, mei tekeningen fan Babs Wijnstra. It boek slút oan by it tema fan de Berneboeketiid: Om ’e tafel: Ite en snobje yn berneboeken.
Utjûn troch: útjouwerij Bornmeer, De Gordyk
yn opdracht fan It Fryske Boek.
It aksjeboek is yn de Sutelaksje te keap foar € 3,50 by oankeap fan € 9,00 oan Fryske berneboeken. Los en nei 1 novimber is de ferkeappriis € 12,50.
Klik hjir foar in lêsferslach

