Sutelaksje

Ferslach fan de Sutelaksje 2009

plaatsje Troch Janny Bottema 

Algemien
It jier 2009 wie in spesjaal jier foar It Fryske Boek. De Stichting bestie 75 jier. Dat moast fierd wurde fansels en leafst mei safolle mooglik minsken dy’t de Fryske literatuer in waarm hert tadrage. Dêrom krigen alle aktiviteiten dy’t it hiele jier troch organisearre waarden wat ekstra’s mei.
Der waard benammen in protte war dien om fan de Sutelaksje 2009 wat bysûnders te meitsjen. Net allinne yn ferbân mei. it jubileum, mar ek om’t der yn dat jier foar it lêst sutele wurde soe op de fertroude wize mei boekebussen en kroaden.
Alle meiwurkers dy’t op it kantoar, yn it magazyn of yn ’e bus foar de Sutelaksje yn it spier moasten hienen der sin oan en woenen de mouwen wol opstrûpe. Foar de lêste kear de kontaktpersoanen benaderje en motivearje. Foar de lêste kear de minsken oertsjûgje fan it belang fan dizze aksje foar de ferkeap fan Fryske boeken. Mar ek foar de lêste kear:

  • Kontakt mei de útjouwers opnimme oer nije útjeften en de ôflevering
  • Kontakten mei skriuwers lizze oer meiwurking oan programs en suteljen 
  • In nije Skriuwerskalinder gearstalle
  • Opdracht jaan foar it skriuwen fan in Aksjeboek foar bern en it begelieden fan it proses 
  • Boekejûnen/foarljochtingsjûnen organisearje
  • It magazine BoekeNijs gearstalle en ferspriede
  • Frijwilligers sykje foar it wurk yn it magazyn en yn de bus
  • It magazyn op foarrie bringe en gean sa mar troch.

De organisaasje fan de Sutelaksje ferget in hiele soad tiid en enerzjy. De ploech fan fiif fêste part-timers en ien frijwillichster wurdt ynienen útwreide ta sa’n fjirtich meiwurkers. Yn de moannen augustus en septimber is it in drokte fan belang. Kisten fol boeken yn it magazyn, de bussen fol mei boeken en kroaden en op it kantoar fiif telefoans dy’t de hiele dei troch rattelje.
In sfear fan drokte, stress, lange dagen mar ek in hiele soad wille en fariaasje.
De Sutelaksje waard op freed 4 septimber iepene yn Stiens troch Boargemaster Ter Keurs fan Ljouwerteradiel. Op sneon 17 oktober waard de aksje ôfsletten op de Boekemerk yn Drachten. De sutelers ferkochten yn dy seis wiken tiid foar hast € 200.000,- . Dat betsjut dat sa’n 25.000 Fryske boeken en cd’s by de minsken telâne kommen binne. Foar de útjouwers sa’n 15 oant 20% fan harren jieropbringst.

Boekejûnen
plaatsjeOp tsien plakken yn de provinsje waarden Boekejûnen organisearre, meast yn bibleteken. De earste wie op 24 augustus yn MFS De Skalm yn Stiens en de lêste op 16 septimber yn it Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar te Ljouwert, yn 2010 it nije wurkplak fan de Fryske Boek-meiwurkers. Dêr tuskenyn koene sutelers en belangstellenden nei Warkum, Dokkum, Mantgum, De Jouwer, Drylts, De Gordyk, Frjentsjer en Bûtenpost. Alle kearen wie der in útstalling fan de nijste Fryske boeken te besjen, koene de minsken yn ’e kunde komme mei twa of mear skriuwers, genieten se fan sang en muzyk brocht troch Gurbe Douwstra en Gerbrich van Dekken en wie der ynformaasje oer de Sutelaksje. De jûnen waarden presintearre troch Aly van der Mark. Sy hold ûnder oaren in fraachpetear mei de skriuwers Anders Rozendal en Hedzer Hooijenga, Akky van der Veer en Baukje Wytsma, Berber van der Geest en Babs Wijnstra, Marga Claus en Wieke de Haan, Durk van der Ploeg, Rikky Nagel en Sjoerd Bottema, Manuëla Köster en Sietse de Vries, Jetske Bilker, Neeltje Bonnema en Mindert Wijnstra, Anny de Jong en Ytsje Hoekstra en Anne Feddema en Auck Peanstra. Der wie in soad belangstelling foar de jûnen. Gauris waard memorearre hoe spitich it wie dat der foar it lêst mei boekekroaden sutele wurde soe.

Aksjeprodukten
plaatsjeSkriuwerskalinder
De meiwurkers fan It Fryske Boek hiene in protte klachten binnenkrigen oer de Skriuwerskalinder fan 2009. It wie lestich dat de kalinder hieltyd omdraaid wurde moast, hy koe net mear stean en it formaat wie oars. Benammen it omdraaien soarge foar in soad yrritaasjes.
De Skriuwerskalinder fan 2010 moast dêrom wer op de âlde, fertroude wize printe wurde. Sa koed er wer maklik as kalinder en as aginda brûkt wurde.
It tema fan de nije kalinder lei foar de hân. Nei 2009, it jubileumjier fan It Fryske Boek, sjocht de takomst fan de promoasjestichting der hiel oars út. Dichters en skriuwers koene harren dêrom ynspirearje litte troch: Wat oars. En dat diene se. De redaksje moast de helte fan it tal ynstjoerings útselektearje. De yllustraasjes wiene ek oars as oars. Natuerfotograaf Jan Weistra boarte mei âld en nij, tsjinstellings, kleuren ensafh. Hy soarget alle kearen wer foar in ferrassing.
Aly van der Mark hat it earste eksimplaar fan de nije kalinder by de iepening fan de Sutelaksje op 4 septimber yn Stiens op spektakulêre wize oanbean oan Boargemaster Ter Keurs fan Ljouwerteradiel, tagelyk mei it jubileumboek fan It Fryske Boek. Frou Van der Mark en de boargemaster stapten op it plein fan it Gemeentehûs allebeide út in brânwachtauto dy’t mei loeiende sirenes oanriden kaam wie.

plaatsjeAksjeboek foar bern
Wat in hearlik tema om mei oan ’e slach: Om ’e tafel, ite en snobje yn berneboeken. Berber van der Geest hat mei dat tema yn ’e holle in smaaklik ferhaal foar jonge bern betocht en Babs Wijnstra koe har útlibje op de yllustraasjes fan it printeboek.
Oer de ynhâld:

De fraach: "Mem, wat ite wy hjoed", wurdt in soad steld troch bern. Rolf wol dat ek graach witte. De mem fan Rolf makket der in spultsje fan en leart har soantsje sa boartsjendewei siswizen oan lykas Sa sterk as in bear en Honger as in wolf, mei as beleanning: Stront mei streepkes (pankoeken mei sjerp). In prachtich boek dat bern fuort oansprekt en dat dus ek in soad ferkocht waard yn de Sutelaksje. De kleur- en tekenwedstriid, dy’t oan it aksjeboek ferbûn wie, smiet in soad ynstjoerings op. Berber van der Geest en Babs Wijnstra krije it noch dreech om dêr de moaisten út te sykjen.

plaatsjeIt Aksjeboek foar bern waard tagelyk mei de rymposter fan 2009 op 3 septimber oanbean yn it Spekjesfabryk Frisia te Harns. Foar dat feest wiene bern noege fan fiif basisskoallen dy’t oan de tekst fan de nijste rymposter meiwurke hiene. Waarman Pyt Paulusma liet it spekjes reine, twa rôze barchjes bakten in spekkoekje, Berber van der Geest fertelde de jongste bern it ferhaal oer Rolf en de bern krigen in swiete rûnlieding troch it fabryk. Ta beslút songen Nanne en Ankie rymposterferskes fan de cd Smûzje.
Pyt Paulusma krige it earste eksimplaar fan Mem, wat ite wy hjoed oanbean en fansels wie der ek in eksimplaar foar de skriuwster en de yllustratrise.
It aksjeboek wie in topper yn de Sutelaksje.

plaatsjeRymposter
De rymposter wie in bysûndere fan ’t jier. It gedicht is skreaun troch bern fan fiif basisskoallen, ûnder lieding fan Nanne Kalma en Ankie van der Meer. Nanne Kalma hie yn opdracht fan de Stichting It Fryske Berneboek de gedichten fan alle rymposters, dy’t yn ’e rin fan jierren ferskynd wiene, op muzyk set foar safier’t dat noch net bard wie. Yn april is in prachtige rymposter-cd útkaam, dy’t nei alle skoallen tastjoerd is. Ek de muzyk fan de rymposter fan 2009 stiet al op dy cd mei it earste kûplet en de kearsang. Nei de cd-presintaasje hat it duo Nanne en Ankie twa kear in besite brocht oan de basisskoallen It Pertoer yn Burgum, De Trije Doarpenskoalle yn Reduzum, Op ’e Trije yn Ferwert, De Krunenstrobbe yn Jorwert en de Prof. Wassenberghskoalle yn Lekkum. Mei bern út de heechste groepen ha se in prachtich Smûzersalfabet makke (smûzje is smullen). De rymposter is tagelyk mei it Aksjeboek foar bern oanbean (sjoch by Aksjeboek foar bern). Alle basisskoallen yn Fryslân en de bibleteken ha in fergees eksimplaar tastjoerd krigen.

plaatsjeBoekeNijs
Yn alle plakken dêr’t sutele waard is it magazine BoekeNijs hûs oan hûs besoarge. BoekeNijs is in ynformatyf magazine dêr’t bygelyks fraachpetearen yn steane mei ferskate skriuwers. Foarbylden binne Elmar Kuiper, Anne Feddema, Berber van der Geest en Sietse de Vries. Mar nijsgjirrich is ek in stik oer Ytsje Hoekstra en Miriam Velter dy’t in ekologysk itensiedersboek skreaun ha mei in soad ynformaasje oer Fryske produkten. Yn it midden fan it blêd is de boekelist opnaam mei de measte boeken dy’t yn de Sutelaksje te krijen wiene. De nijste boeken steane mei in ôfbylding fan de foarside ôfprinte. BoekeNijs wie fierder yn de hiele Sutelaksje te krijen by boekhannels en bibleteken.

plaatsjeSutelaksje
Yn 2009 waard foar it lêst in Sutelaksje organisearre troch de Stichting It Fryske Boek.
Foar de lêste kear oerlizze mei kontaktpersoanen, mei sjauffeurs, kassiers en magazynmeiwurkers. De meiwurkers fan it Fryske Boek woene fan dizze aksje in bysûndere meitsje. Noch ien kear de skouders derûnder om de Fryske literatuer mei boekebussen en kroadenfol ûnder de oandacht fan de minsken te bringen.
Yn 99 plakken ha frijwilligers in pleatslike aksje op tou set. By ferskate plakken hearden ek noch lytsere doarpen en/of buorskippen. De kontaktpersoanen soargen der foar dat oeral genôch sutelers klearstiene om op de ôfsprutsen dei of jûn op stap te gean.

Iepening Sutelaksje en bradery yn Stiens
Mei jankende sirenes draaide de kolossale giele brânwachtauto fan de Ljouwerter fleanbasis it plein foar it gemeentehûs yn Stiens op. Dêr foege er him by de reade brânwacht fan Ljouwerteradiel. Dat barde op freed 4 septimber. Lokkich wie der gjin brân. De weinen joegen it startsinjaal foar de Sutelaksje fan It Fryske Boek.
De presintatrise fan it iepeningsprogram, Aly van der Mark, klom út de kabine fan de brânwachtauto en waard troch boargemaster E.J. ter Keurs ferwolkomme. Tegearre toanden sy it grutte ‘startboerd’ mei dêrop it jubileumboek fan It Fryske Boek en de nije Fryske Skriuwerskalinder oan de omstanners.
plaatsjeYnearsten wie it doel om in letterlik fleanende start fan de Sutelaksje te meitsjen. Spitigernôch stie de SAR-helikopter mei maleur oan ‘e grûn op it Amelân. Mar de brânwachtauto’s soargen likegoed foar in soad opskuor.
Yn it Multyfunksjoneel Sintrum De Skalm yn Stiens kamen skriuwers en Stienzer en Britsumer frijwilligers dêrnei byelkoar foar in sutelersmiel en in koart program. Oan dat program wurke Adri de Boer ûnder oaren mei. De waargoaden wiene It Fryske Boek ek tagedien want it minne waar kaam pas nei 20.00 oere. Dat soarge foar in goede ferkeapopbringst. Dit jier wie It Fryske Boek ek wer fertsjintwurdige op de bradery dy’t de oare deis yn it Stienzer sintrum holden waard. De oanwêzige skriuwers ha dêr ek goed ferkocht.

plaatsjesIt suteljen yn de provinsje
Hiene de meiwurkers fan It Fryske Boek by de start fan de aksje noch soargen oer rein en wyn, nei de start yn Stiens beloofde Pyt Paulusma hast alle dagen moai sutelwaar. De frijwilligers hiene der nocht oan om der mei de kroaden op út. Yn in hiele soad plakken binne de kontaktpersoanen al jierren aktyf. Guon fan harren hiene oanjûn mei it organisearjen ophâlde te wollen. Mar doe’t bekend waard dat yn 2009 de lêste Sutelaksje âlde styl organisearre wurde soe, woene se dy taak graach yn dat jier ôfslute. Benammen yn de grutte plakken is it in hiel wurk om genôch frijwilligers te finen en de aksje sa goed mooglik ferrinne te litten. Gauris moast mei minder minsken yn in koartere tiid (jûns) itselde gebiet besutele wurde. Petsje ôf foar de kontaktpersoanen dy’t dat dochs wer foarelkoar krigen.
Mar der wiene ek ferskate kontaktpersoanen dy’t oanjoegen it tige spitich te finen dat de aksje ophold. Sokke berjochten berikten de meiwurkers fan It Fryske Boek altyd fia de sjauffeurs en kassiers op de bussen.
Hast alle dagen wie op it nijs dat de Nederlânske befolking minder te besteegjen hie yn ferbân mei de ekonomyske resesje. Mar dêr wie yn de sutelperioade net folle fan te fernimmen. Boeken binne ommers prachtige jierdei- en Sinteklaaskadootsjes!
plaatsjeBy de toppers hearde dochs wer in werprinting fan Rink van der Velde. De Fjildferhalen wiene net oan te slepen. Mar ek de seis titels dy’t as boek fan de wike keazen wiene, diene it goed. In kalinder fergees by de oankeap wie moai meinaam. Potstro Fongers bygelyks fan Sietse de Vries die it goed en Bolman en Bolman fan Marga Claus. Fierder wie it prachtich útfierde fotoboek Boerewurk fan Johannes Doedes de Jong tige populêr.
By de berneboeken stie Tutte mei de Linten gauris op de ferkeaplist. Nei it ferstjerren fan skriuwster Diet Huber is dat boek mei bernegedichtsjes opnij by de Friese Pers útbrocht. In echte klassiker. Mar ek nije útjeften lykas it Ytboekje fan Wieke de Haan, Dêr is Marten wer fan Riemkje Pitstra en Krûpelhintsjes fan Auck Peanstra waarden goed ferkocht. En de Tomke-boekjes fansels. Tomke soarget likegoed as de Jentsje-, Stip- en Nijntjeboeken foar goede omsetsifers.
It wie in Sutelaksje fan steapels neibestellings. Nettsjinsteande dat it magazyn fan It Fryske Boek goed fol lei, de bussen geregeld oanfolle waarden en safolle mooglik nije útjeften yn de boekekisten dien waarden wiene guon titels samar útferkocht. En it neibestellen gong sa maklik net mear as yn it ferline. De neibestellings fan Friese Persboeken bygelyks moasten út Culemborg komme en dy waarden net fan hjoed op moarn besoarge.
plaatsjeFêste koerier Gerrit van der Weij reizge hiel wat ôf troch de provinsje om de bestellings te besoargjen en de boekekisten, dy’t in wike by skoallen stean bliuwe mochten, wer op te heljen. Yn de rin fan de jierren hat Van der Weij safolle ûnderfining opdien, dat er de adressen fan de kontaktpersoanen en skoallen sûnder Tom-Tom wit te finen en ek de plakken dêr’t er it spul kwyt kin as de minsken net thús binne. Fierder wit er krekt hoe’t er op de ferskillende minsken reagearje moat en hat er in antwurd op alle fragen. It kantoarpersoniel koe him altyd telefoanysk berikke en op dy wize tuskentroch noch boadskippen trochjaan dy’t dan fuort útfierd waarden. Foar Gerrit wie it definityf de lêste kear dat er foar It Fryske Boek yn it spier wie. De meiwurkers wiene tige wiis mei him en sille him yn de takomst dan ek tige misse.

platsjeNjonkenferkeap yn de Sutelaksje
Njonken it suteljen waard ek noch in kear as wat aksje ûndernaam by oare aktiviteiten yn de provinsje oan te sluten om Fryske boeken te ferkeapjen. De al earder neamde braderyferkeap yn Stiens is dêr in foarbyld fan. Mar op 4 septimber wie ek in boekekream fan It Fryske Boek op de merkebradery yn Reduzum, op 19 en 20 septimber waard ferkocht op it Pompoenfestival yn Jellum, op 17 septimber stiene frijwilligers op de Turfstekkersmerk op It Hearrenfean, op 1 oktober stie Bolletongersdei yn Boalsert op it program, op 2 en 3 oktober ferkochten de kontaktpersoanen fan Damwâld yn it winkelsintrum fan dat plak, op 3 oktober wie It Fryske Boek presint op de Boekemerk yn Jorwert, op 12 oktober wiene minsken wolkom yn en by de bibleteek yn Hurdegaryp en op 17 oktober ferkochten skriuwers, as ôfsluting fan de Sutelaksje, op de Boekemerk yn Drachten.
Meast yn plakken dêr’t sutele waard, mar ek yn in tal oare, waarden op fersyk bakken mei berneboeken nei skoallen ta brocht. Sa’n bak bleau minstens in wike op skoalle stean om it personiel de gelegenheid te jaan boeken út te sykjen foar de skoalbibleteek. Yn totaal is op de skoallen foar sa’n € 6.500,- ferkocht.

plaatsjeLêste suteldei
De Stichting It Fryske Boek hat jierren syn domisylje hân yn Grou. Ut dat kantoar wei binne ferskate Sutelaksjes organisearre. Doe’t yn dy jierren yn Grou sutele waard stie de hiele frijwilligersploech foar it kantoar om de kroaden op te heljen. En der waard altyd omraak ferkocht. Mar net allinne yn de perioade dat de aksje yn Grou as in soarte fan thúswedstriid besjoen waard wie dat it gefal. Ek dêrnei waard de aksje tige goed organisearre en wiene de ferkeapsifers goed. Yn 2008 wie Grou troch dy perfekte organisaasje as Sutelplak fan it jier keazen. En dêrom woene de meiwurkers fan IFB de Sutelaksje ek graach yn dat plak ôfslute. De kontaktpersoanen hiene wer in aardige ploech byelkoar krigen. En ek al wurke it waar op dy dei krekt net sa goed mei, it wie dochs in feestlike ôfsluting mei muzyk fan Gjalt en Pyt yn it sintrum en ekstra omtinken fan de parse. Nei dizze lêste kear suteljen moast de bus gau werom nei Ljouwert om te laden foar de oare deis: de Boekemerk yn Drachten.

plaatsjeBoekemerk Drachten
Der wie in kompromis sletten tusken guon middenstanners, de gemeente en de organisaasje fan de Boekemerk wat it plak fan de kreamen oanbelange. Diskear gjin rûntsje om de grutte plataan, mar in skieding tusken berneboeken en de oare útjeften.
It winkeljend publyk rûn no tusken de kreamen troch en koe sadwaande net om de Fryske literatuer hinne. It wie in moaie dei mei in protte ferkeapjende skriuwers, fleurige muzyk fan Wiltsje fan Peazens en in grutte kar-út oan boeken yn alle sjenres en cd’s. Boppedat waarden yn ferbân mei it jubileumjier lekkere hapkes útdield foar lyts en grut. Hapkes dêr’t it resept fan stie yn it itensiedersboek foar Fryske streekprodukten: Friese liefde fan Ytsje Hoekstra en Miriam Velter en it Ytboekje foar bern fan Wieke de Haan.
Oan ‘e ein fan de dei koene de froulju fan It Fryske Boek bekendmeitsje dat dy deis foar in bedrach fan € 5773,38 ferkocht wie. De skriuwers hiene gjin muoite om harren ferkeaptechniken de hiele dei fol te hâlden, want tusken de middei stie it tradisjonele miel fan grauwe earte mei swiet en soer derby klear. En dêr krije jo ynhouten fan!

plaatsjeBerneboeketiid
Tagelyk mei de Sutelaksje wie it Berneboeketiid. Om yn dy perioade de bern ek oan it Frysk lêzen te krijen krigen alle skoallen yn de provinsje de nije brosjuere fan de Stichting It Fryske Berneboek tastjoerd mei tips, aktiviteiten en skriuwersprograms dy’t oansleaten by it tema fan de Nationale Kinderboekenweek: Om ’e tafel! Ite en snobje yn berneboeken. Ferskate skriuwers ha in besite oan skoallen brocht om smaaklike ferhalen te fertellen of om mei de bern oan ’e slach te gean mei it meitsjen fan lekkere hapkes. Yn april hiene de skoallen de rymposter-cd al tastjoerd krigen, in cd dêr’t alle 13 rympostergedichten dy’t oant no ta útbrocht wiene op stiene, songen troch it duo Nanne Kalma en Ankie van der Meer. It dichterskollektyf, dat bestie út learlingen fan fiif skoallen, hie ûnder lieding fan Nanne en Ankie it gedicht fan de lêste rymposter skreaun.
plaatsjeFierder wie it Aksjeboek foar bern beskikber foar in redusearre priis, in ferhaal oer sin oan iten, mei bypassende siswizen, skreaun troch Berber van der Geest en yllustrearre troch Babs Wijnstra.

Berneboekedei
Op 11 oktober wiene bern en âlders wolkom yn Terherne op de Berneboekedei. Tusken 11.00 en 17.00 oere koe geniete wurde fan ferskate optredens en mochten bern sels ek oan it wurk mei hapkes, broadsjebakken en foerslingers meitsjen foar de fûgels. Op it plein yn it sintrum fan de aktiviteiten stiene de boekekastkes te pronkjen mei prachtige en kreative foarstellings fan berneboeken oer it tema.
plaatsjeBerber van der Geest hat oer it aksjeboek, Mem, wat ite wy hjoed, ferteld yn de smûke foarlêstinte. De Berneboekedei Terherne is in inisjatyf fan in ploech frijwilligers yn it doarp, mar de Stichting It Fryske Berneboek sit ek yn de organisaasje. Der kamen sa’n tûzen besikers op de gesellige en aktive dei ôf.

Trûbadoersjûnen
Om de sutelers te betankjen foar harren ynset foar de Fryske literatuer troch de jierren hinne hie IFB trûbadoersjûnen organisearre op 29 en 30 oktober yn It Posthûs op It Hearrenfean. plaatsjeDe frijwilligers hiene yn de Sutelaksje in kaart krigen mei ynformaasje oer de jûnen en de perioade dat de kaarten besteld wurde koene. Foar in lytse finansjele bydrage koene de frijwilligers genietsje fan in jûnfoljend program dat brocht waard troch de fjouwer trûbadoers Doede Veeman, Gurbe Douwstra, Jaap Louwes en Piter Wilkens. In ynteraktyf program dêr’t gasten en muzikanten tige fan genoaten ha. De tongersdeitejûns siet de seal net hielendal fol, mar de wille wie der net minder om. Doede Veeman krige grut applaus foar syn ôfskiedsliet foar de sutelers dat er in pear dagen lyn krekt skreaun hie.
plaatsjeDe freedtejûns siet de seal hielendal fol en de sfear wie geweldich. Wat in wille en wat in fleur. Beide kearen waard it program presintearre troch Tsjerk Veenstra, bestjoerslid fan IFB. Hy makke op 30 oktober ek it Sutelplak fan it jier bekend. De beide kontaktpersoanen fan Oerterp, Aukje Visser en Lysbeth Wilstra, krigen in moai bosk blommen en oarkonden en boeken foar alle sutelers.

plaatsjeSutelplak fan it jier 2009
Wêrom waard Oerterp yn 2009 keazen as Sutelplak fan it jier?
Yn Oerterp wiene op 2 oktober sa’n 45 minsken mei kroaden fol boeken ûnderweis troch it doarp. Tusken 13.30 en 20.00 oere waard sutele. Om sa’n grutte ploech mei sa’n soad entûsjasme oan it boekferkeapjen te krijen is in fertsjinste fan de pleatslike organisaasje. Fertsjintwurdigers fan ferskate ferienings setten meielkoar de skouders derûnder om der in moaie aksje fan te meitsjen. De sutelers yn Oerterp fine it in griis dat It Fryske Boek yn 2009 foar it lêst in Sutelaksje organisearre hat. ‘Wy wolle der graach mei trochgean’, wie it kommentaar. plaatsjeEk yn Rêsthûs De Lijte en yn it MFS De Wier sieten frijwilligers te ferkeapjen en der wiene bakken mei nije berneboeken nei de trije skoallen ta brocht. Om’t de buorren troch in renovaasje folslein op ‘e kop stie waard de Fryske Boekebus nei twa ferskillende plakken stjoerd. Sa koene belangstellenden fan alle kanten noch efkes yn ’e bus sjen om’t dêr dochs aardich wat mear yn stie as yn in kroade lei.

Reizen om utens
Noch trije kear is de Fryske Boekebus om utens west. Op 14 novimber gie de reis nei Bussum, op 21 novimber nei Leiden en op 28 novimber nei De Haach.
De gemiddelde leeftyd fan de kriteleden om utens wurdt hieltyd heger en in grut part fan harren komt dêrom ek net mear op de aksjedei yn de bus. plaatsjeFoar de ferkeap moat It Fryske Boek it hoe langer hoe mear fan tafallige foarbygongers ha en fan minsken dy’t op ynternet lêzen ha fan de komst fan de boekebus en dêr belangstellend op ôf komme. De kriten dy’t in aksjedei organisearje krije it ek hieltyd dreger. Grutte (en âlde) bussen wurde út de binnenstêd ward. It falt net ta om in fergunning te krijen foar in sintraal plak dêr’t winkeljend publyk lâns komt. Yn De Haach moast fan’t jier om in oar plak socht wurde om’t it plein achter de Twadde Keamer renovearre waard. De lokaasje foar de Twadde Keamer wie ek moai mar dêr wie minder publyk. Yn Leiden slagge it de organisaasje noch wol om foar ien fan de moaiste plakjes in fergunning te krijen. Mar dêr wiene de middenstanners wer net sa wiis mei. Se drigen sels mei in pak op ’e hûd. Lokkich litte Friezen har net sa gau út it fjild slaan en stie de bus dochs tusken 10.00 en 16.00 oere by de Hartebrugkerk. Yn Bussum waarden de busminsken lykas altyd wer tige hertlik ûntfongen troch it kritebestjoer mei kofje, pankoeken en sop.
De dei-opbringsten kamen dit jier krekt net boppe de € 1000,00 út.
Diskear wiene ek wer skriuwers mei ôfreizgje en sy soargen nei ôfrin foar in deiferslach; sjoch by Boekebus om utens. Rommert Tjeerdsma ried mei nei Bussum, Sjoerd Bottema nei Leiden en Neeltje Bonnema nei De Haach.

plaatsjeTa beslút
2009 wie in bysûnder jier troch it jubileumjier, de lêste Sutelaksje, de kommende ferhuzing nei en gearwurking mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar, de fúzjeplannen, de tariedings fan nije promoasje-aksjes ensafh. Yn de Sutelaksje waard foar it lêst gearwurke mei kontaktpersoanen en sutelers, tydlike kollega’s yn it magazyn en op de boekebussen en mei ús koerier. It wie in jier fan feestlike byienkomsten, drokke tiden mei fijne kollega’s, sinnige suteldagen en bysûndere útjeften.
Mar fertrietlike saken wiene der ek. Begjin july moasten wy ynienen ôfskie nimme fan ien fan ús fêste bussjauffeurs Jelte Wildschut. It wie altyd in feest om mei Jelte op stap. Wat wist hy in soad te fertellen fan it iepenbier ferfier, fan Fryske doarpen, tsjerken en mûnen, fan de natuer, fan stiennen ensafh. Underweis nei de sutelplakken stutsen wy hiel wat fan him op. Syn frou en famylje misse him tige en wy misten syn help en persoanlikheid yn de Sutelaksje.
Boppedat foelen noch trije fan ús sjauffeurs troch sykte út. Lammert Kuiken moast him foar de aksje al ôfmelde, Keimpe van Geunst hold fan de iene dei op de oare mei syn ritten op en ek Lubbert van den Berg, dy’t in hiele soad foar IFB ried en altyd wol ynfalle woe, rekke ynienen út de rûlaasje.
Wy hoopje dat de medikaasje oanslacht en dat de manlju harren yn de takomst wer better fiele sille.
De meiwurkers fan IFB wolle alle frijwilligers betankje foar de help en geweldige ynset. Sûnder harren hiene de 38 Sutelaksjes net mooglik west. Fierder betankje wy útjouwers, skriuwers, bibleteekmeiwurkers, presintatoaren, muzikanten, Fryske kriteleden en noch in hiele soad oaren foar de goede gearwurking. En net te ferjitten de Bibliotheekservice Fryslân, de gemeente Ljouwerteradiel en de lêzers.
It Fryske Boek makket yn 2010 in nije start mei nije aksjes en nije kollega’s foar de promoasje fan de Fryske literatuer, in wichtich part fan de Fryske kultuer.

Fan 1 febrewaris ôf is it adres: Bûterhoeke 1, 8911 DH LJOUWERT.
Sjoch foar mear ynformaasje op
www.fryskeboek.nl.

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Aksje Boek fan de Wike

  Mear witte oer Boek fan de Wike 2009?
Klik
hjir!  

Aktuele boekelist Sutelaksje

Oersjoch fan alle
boeken, harkboeken, cd's en dvd's
dy't yn de Sutelaksje te keap binne,
mei  fermelding fan skriuwers, titels en prizen.
Klik hjir

Opbringsten 2009

  Benijd nei de opbringsten yn 2009?
Klik
hjir!  

amomedia.nl © 2010