Sprutsen Frysk Boek
Witte jo in persoan dy't net op in 'gewoane' wize in Frysk boek lêze kin, mar dy't dat wol hiel graach wolle soe? Bygelyks foar minsken mei in lês-beheining is der it Sprutsen Frysk Boek. Fia in ferwiisbrief fan de dokter kin de ôfspylapparatuer troch de soarchfersekerder fergoede wurde.
Der is in spesjale daisy-spiler foar nedich om de skiifkes lêze te kinnen. Dy soarget derfoar dat je op bledside of op haadstik fan in boek 'blêdzje' kinne, en ek dat de sprutsen tekst stadiger of krekt wat hurder ôfspile wurde kin. It boek wurdt foarlêzen op maat, dus troch betûfte ynlêzers.
Sitte jo ien kear by it Sprutsen Boek yn it bestân dan kinne mar omraak en kosteleas sprutsen boeken oanfrege wurde. Yntusken binne al mear as 1.400 titels ynlêzen troch frijwilligers. Yn alle sjenres binne boeken oan te freegjen.
Krekt ynlêzen boeken binne bygelyks:
-
Eeltsje & ik - Bennie Huisman
-
De dei dat Farah Bezaz ferdwûn - Aggie van der Meer
-
Om it libben - Harmen Wind
Witte jo in persoan foar wa't dit systeem in útkomst wêze kinne soe, dan is ien telefoantsje nei it Sprutsen frysk Boek foldwaande om op it goede spoar set te wurden.
Belje op moandei, tiisdei of tongersdei nei:
it Sprutsen Frysk Boek
telefoan 058 - 2343095
freegje nei Wieke de Haan