Skriuwersalmenak

logo    Logo     logo 
Namme Bilker, J.
Foarnamme   Jetske
Wenplak ACHLUM
Kontakt E-briefkje mei dizze skriuwer
 
Biografy

Jetske Bilker is op 16 april 1960 berne yn Seisbierrum. Fan har sechde jier ôf is se opgroeid yn Dimter. Nei de HAVO folge se de Kristlik Pedagogyske Akademy yn Almelo, helle dêrnei it Frysk foech foar de basisskoalle en ferhuze nei Ljouwert om dêr it twaddegraads foech Frysk te heljen. Dêrnei studearre se Algemiene Literatuerwittenskip oan de Ryksuniversiteit. Dy stúdzje hat se yn 1992 ôfrûne. Sûnt dy tiid is se freelancer op it gebiet fan Fryske literatuer en oersetwurk. Se kombinearret dat mei lesjaan yn it fuortset ûnderwiis.

 

 

Bibliografy

Romans:

  • 1988 : Imitaasjelear
  • 2004 : oar plak, oare tiid (Boekewikegeskink)

Ferhalebondel:

  • 1997 : In nacht fan hûs

Ferskaat:

  • 2000 : Koartwei (ferhalebondel, mei oaren)
  • 2001 : Listen fan goaden en bisten (fiif fabels, mei oaren)

Oersettings:

  • 1995 : De kameleon fernimt ûnrie (út it Hollânsk nei H. de Roos)
  • 1995 : Op reis mei de kameleon (út it Hollânsk nei H. de Roos)
  • 1998 : Kameleon yn ‘e brâning (út it Hollânsk nei H. de Roos)
  • 1999 : Goede ferat, kameleon (út it Hollânsk nei H. de Roos)
  • 2004 : De kameleon stekt fan wâl (út it Hollânsk nei H. de Roos)
  • 2007 : Harry Potter en de stien fan ‘e wizen (Ut it Ingelsk nei J. K. Rowling)

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Fryske Skriuwersalmenak

Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters. It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn 'e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden. De lêste papieren almenak datearret fan 1994. Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst. Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn 'e loft.

Hantlieding

  • Under de letterbalke stiet de skriuwer fan jo kar.
  • Klik op Mear ynfo foar ynformaasje.
  • Yn ferbân mei de oanskerpe privacyregels binne gjin adresgegevens mear yn de almenak pleatst.
  • Nij is de mooglikheid om elektroanysk mei de skriuwers te briefkjen, alteast as hja in e-postadres hawwe. Klik dêrfoar op de link efter Kontakt. Yn it formulier sit it e-postadres fan de ûntfanger ferstoppe.
  • Steane by de (koarte) biografy gjin gegevens dan binne dy meast wol by Tresoar te finen.
  • Kommentaar en/of oanfollings graach mei dit formulier stjoere.
amomedia.nl © 2010