Skriuwersalmenak

logo    Logo     logo 
Namme Speerstra, H.
Foarnamme   Hylke
Wenplak IT HEARRENFEAN
Webside www.hylkespeerstra.nl
Kontakt E-briefkje mei dizze skriuwer
 
Biografy

Hylke Speerstra is op 7 juny berne yn Iemswâlde ûnder Tsjerkwert. Speerstra koe yn 1958 oan de slach by it Fries Landbouwblad. Yn 1989 koe er syn wurk yn de sjoernalistyk bekroane mei de funksje fan haadreadkteur fan de 'Leeuwarder Courant'. Yn 1996 hat er gebrûk makke fgan de mooglikheid om op 60-jierrige leeftyd op te hâlden mei wurkjen, sa't er mer tiid krije koe foar syn wurk as skriuwer. De earste bondel ferhalen ferskynde yn 1968 mei as titel Heil om seil. De lêste tiid hat er drok dwaande west mei it sammeljen fan emigranteferhalen dy't beskreaun binne yn syn nijste ferhalebondel It wrede paradys.

Mear ynformaasje oer de skriuwer is te finen by Tresoar

Bibliografy

Romans

  • 1980 : Yn de boer syn tiid (2de pr. 1981)
  • 1981 :  De blikken brulloft

Ferhalebondels

  • 1968 :  Heil om seil (5e pr. 1979)
  • 1978 :  Neaken en bleat foar de dokter. Forhalen (4e pr. 1985)
  • 1979 :  Speerstra omnibus
  • 1979 :  Yn de boer syn tiid (2e pr. 1981)
  • 1983 :  Kening op sokken (2e pr. 1984, 1999 werprinte Grutletterboek)
  • 1984 :  Op redens oer (3e pr. 1985)
  • 1987 :  De bêste fryske ferhalen
  • 1996 :  Simmerlân
  • 1999 :  It wrede paradys. Libbensferhalen fan Fryske folksferhuzers (5e pr. 2000)
  • 2000 :  Koartwei (mei oare auteurs)
  • 2001 : De kâlde erfenis
  • 2006 : De oerpolder
  • 2007 : Leafde en leed út de Oerpolder (harkboek)
  • 2008 : De kâlde krústocht

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Fryske Skriuwersalmenak

Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters. It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn 'e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden. De lêste papieren almenak datearret fan 1994. Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst. Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn 'e loft.

Hantlieding

  • Under de letterbalke stiet de skriuwer fan jo kar.
  • Klik op Mear ynfo foar ynformaasje.
  • Yn ferbân mei de oanskerpe privacyregels binne gjin adresgegevens mear yn de almenak pleatst.
  • Nij is de mooglikheid om elektroanysk mei de skriuwers te briefkjen, alteast as hja in e-postadres hawwe. Klik dêrfoar op de link efter Kontakt. Yn it formulier sit it e-postadres fan de ûntfanger ferstoppe.
  • Steane by de (koarte) biografy gjin gegevens dan binne dy meast wol by Tresoar te finen.
  • Kommentaar en/of oanfollings graach mei dit formulier stjoere.
amomedia.nl © 2010