Skriuwersalmenak

logo    Logo     logo 
Namme Bethlehem, T.
Foarnamme   Tine
Wenplak LJOUWERT
 
Biografy

Tine Bethlehem waard yn 1938 berne yn Aldeboarn. Se folge in oplieding ta sosjaal-kultureel wurker en wurke jierrenlang yn tsjinst fan Sintra foar de Keunsten yn ferskate plakken yn it lân. Op dit stuit is se dosinte kreatyf skriuwen yn Ljouwert. Yn 1995 ferskynde by de Oare Utjouwerij yn Enschede har sammel- en tagelyk har debútbondel Swietroken & koperblazers, dêr’t har fersen út de perioade 1955 – 1995 yn bondele binne. De moai fersoarge útjefte, foarmjûn troch Gertjan Slagter, krige yn 2001 de Liuweprint foar it bêst fersoarge boek fan dat jier.

Mear ynformaasje oer de skriuwster is te finen by Tresoar

Bibliografy

Dichtwurk:


« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Fryske Skriuwersalmenak

Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters. It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn 'e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden. De lêste papieren almenak datearret fan 1994. Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst. Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn 'e loft.

Hantlieding

  • Under de letterbalke stiet de skriuwer fan jo kar.
  • Klik op Mear ynfo foar ynformaasje.
  • Yn ferbân mei de oanskerpe privacyregels binne gjin adresgegevens mear yn de almenak pleatst.
  • Nij is de mooglikheid om elektroanysk mei de skriuwers te briefkjen, alteast as hja in e-postadres hawwe. Klik dêrfoar op de link efter Kontakt. Yn it formulier sit it e-postadres fan de ûntfanger ferstoppe.
  • Steane by de (koarte) biografy gjin gegevens dan binne dy meast wol by Tresoar te finen.
  • Kommentaar en/of oanfollings graach mei dit formulier stjoere.