Skriuwersalmenak

logo    Logo     logo 
Namme Reinder Rienk van der Leest
Wenplak MEGEN
 
Biografy

Reinder Rienk van der Leest is berne op 29 juny 1933 yn Drachten. Hy hat yn Ljouwert de HBS folge en dêrnei op de kweekskoalle dêr leard foar ûnderwizer. Ek hat er de oplieding grafysk ûntwerper folge en dat fak free-lance útoefene. Van der Leest hat oant syn pensjonearring ta skoalmaster west, earst yn Culemborg, dêrnei yn Zaandijk, en doe oant syn pensjoen yn Enschede. Van der Leest hat redakteur west fan Trotwaer. Hy publisearre nei in tal eksperimintele dichtbundels in rige humoristyske speurdersferhalen fol dûbele boaiems. Yn 1981 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn poëzy.

Foar mear ynformaasje oer de skriuwer sjoch by Tresoar

Bibliografy

Poëzy:

  • 1967 : Flardeguod
  • 1967 : Patates mei mayonaise
  • 1969 : Boartersbûkje en sextich
  • 1970 : Practicum
  • 1972 : Hwat moat in ûntwerper fan pakpapier wol fiele?
  • 1979 : Keunst en fleanwurk
  • 1986 : Wyn en fearren: gedichten 1979-1985
  • 2005 : Wurk yn útfiering: teksten en tekeningen 1969-1972
  • 2006 : Tajefte: sân gedichten

Proaza:

  • 1969 : Komme dy kepers? (draeiboek foar in B-film*****) (werútjefte 2001)
  • 1972 : Lampefryske forhalen
  • 1974 : It moaiste famke fan Antarctica (werútjefte 2003)
  • 1975 : Morheus yn de ûnderwrâld (werskreaune útjefte: Morfeus yn de ûnderwrâld, 2005)
  • 1980 : Cap súd (jongereinboek)
  • 1983 : Hertenfrou en Skoppenboer
  • 1986 : Froulusgambyt
  • 2001 : In kâld keunstje

Ferskaat:

  • 1971 : Bargebiters-Bûltsjeblazers (lyts Frysk argewaesjespul)
  • 1972 : Boef fan Rys (tekstboek foar in sjongspul)
  • 2004 : De swalkjende partij (byldferhaal)

Oersetting:

  • 1995 : Carmina Burana: Latynske lieten út Bendiktbeuren

 

 

 

 


« Werom

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Fryske Skriuwersalmenak

Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters. It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn 'e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden. De lêste papieren almenak datearret fan 1994. Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst. Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn 'e loft.

Hantlieding

  • Under de letterbalke stiet de skriuwer fan jo kar.
  • Klik op Mear ynfo foar ynformaasje.
  • Yn ferbân mei de oanskerpe privacyregels binne gjin adresgegevens mear yn de almenak pleatst.
  • Nij is de mooglikheid om elektroanysk mei de skriuwers te briefkjen, alteast as hja in e-postadres hawwe. Klik dêrfoar op de link efter Kontakt. Yn it formulier sit it e-postadres fan de ûntfanger ferstoppe.
  • Steane by de (koarte) biografy gjin gegevens dan binne dy meast wol by Tresoar te finen.
  • Kommentaar en/of oanfollings graach mei dit formulier stjoere.
amomedia.nl © 2010