Skriuwersalmenak
|
![]() |
|
| Namme | Brolsma, L |
| Foarnamme | Liuwe |
| Biografy | Liuwe Brolsma waard berne op 23 novimber 1912 te Lichtaard, dęr’t syn heit, de ferneamde skriuwer Reinder Brolsma in ferverssaak hie. Doe’t Liuwe trije jier wie ferfearen se nei Akkrum, en inkelde jierren letter nei Ljouwert. Dęr is er opgroeid en hat er op skoalle sitten. Brolsma hat lange jierren in bestean hân as printer en boekhanneler te Grou. Dęr is er ek ferstoarn op 27 febrewaris 1976. It boek dęr’t Liuwe Brolsma it measte sukses mei hân hat, wie de histoaryske roman Stoarm oer Fryslân (1944). De roman, dy’t spilet yn de lette midsieuwen yn de tiid fan Skier en Fet, belibbe in twadde printinge yn 1965. |
| Bibliografy | Proaza:
Ferskaat: |
« Werom

