Skriuwersalmenak

logo    Logo     logo 
Namme Sytstra, H.
Foarnamme   Harmen
 
Biografy Harmen Sytstra ferlear al jong syn âlden. Hy waard berne yn Midlum. Groeide op yn Achlum by syn beppe en by in omke, dy't er letter as bakkersfeint holp.Yn syn frije tiid studearre er talen en wiskunde . Yn 1842 helle er in ûnderwizersgraad; hy wie skoalmaster yn Winaam en Seisbjirrum, dêrnei te Arum, Frentsjer en Burgum; fan 1852 ôf - no as troud man - boppemaster te Baard.Sytstra wie ien fan oprjochters fan it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse (1844). Hy hat folle bydragen levere oan jierboekjes, almanakken ensfh. en dêrneist ek in eigen tydskrift Iduna ütjûn. Yn 1862 stoar er oan tyfus.
Bibliografy

Wurk:

  • 1841 : Tsien tuwsen uwt de lotterij
  • 1842 : It boask fan de kasteleins dochter (toanielstik)
  • 1845 : Hwet habba da Fryske scriûers yn acht to nimmen
  • 1846 : Gelukkig Hansje (skoalboakje)
  • 1845-1862 : Iduna (tydskrift)
  • 1854-1961 : Friesche Spraakkunst (net ôfmakke)
  • 1856-1857 : Blau-Mandeis-Krante
  • 1860 : Friesk riim, en onriim
  • 1894 : Blomlêzing út 'e gedichten fen H.S. Sytstra (2e pr. 1911)
  • 1948 : Striid en dream (karlêzing út praoza en fersen)

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Fryske Skriuwersalmenak

Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters. It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn 'e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden. De lêste papieren almenak datearret fan 1994. Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst. Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn 'e loft.

Hantlieding

  • Under de letterbalke stiet de skriuwer fan jo kar.
  • Klik op Mear ynfo foar ynformaasje.
  • Yn ferbân mei de oanskerpe privacyregels binne gjin adresgegevens mear yn de almenak pleatst.
  • Nij is de mooglikheid om elektroanysk mei de skriuwers te briefkjen, alteast as hja in e-postadres hawwe. Klik dêrfoar op de link efter Kontakt. Yn it formulier sit it e-postadres fan de ûntfanger ferstoppe.
  • Steane by de (koarte) biografy gjin gegevens dan binne dy meast wol by Tresoar te finen.
  • Kommentaar en/of oanfollings graach mei dit formulier stjoere.
amomedia.nl © 2010