Skriuwersalmenak
|
![]() |
|
| Namme | Abma, G. |
| Foarnamme | Gerben |
| Wenplak | AMSTERDAM |
| Biografy | Gerben Abma (Folsgeare, 1932) debutearre yn 1962 mei de roman 'De útfanhuzer', dêr't de wederwaardichheden fan in puber yn de oergong nei jong-folwoeksene yn beskreaun wurde. Yn de 'Gersridders' (1969) beskriuwt er in boerehúshâlding yn de jierren nei 1945. Ekspirimenteler en moderner wiene 'De nacht fan in leechrinner' en 'Leafde op bitter lemon' (beide út 1973). Yn dat wurk stiet de isolearre minske yn de moderne wrâld sintraal. Nei 1973 hat Abma him (hy wie learaar skiednis en Frysk) benammen dwaande hâlden mei it skriuwen fan skiednisboeken. Op dit stuit leveret er ûnder oare bydragen oan it 'Biografisch Lexicon voor de geschiedenis van het Nederlands Protestantisme'. 'De Brek' (2005) hannelet oer jong-folwoeksenen dy't gek op elkoar binne. Hoe ferrrint harren relaasje, komt der in ein oan of krekt net? Dêrûnder en dêrtusken rint it ferhaal fan de man syn heit oer it doarpke F., de húshâlding dêr't er út weikaam, syn ferkeard oarlochsferline en de froulju, dêr't ien fan him troch ferrie fan in alderneiste ûntnommen is. |
| Bibliografy | Romans:
|
« Werom

