Skriuwersalmenak

logo    Logo     logo 
Namme Dijkstra, L.
Foarnamme   Lida
Wenplak DE KNIPE
Webside www.lidadijkstra.nl
Bertejier 1961
Kontakt E-briefkje mei dizze skriuwer
 
Biografy

Lida Dykstra (1961) wennet mei man en dochter yn De Knipe. Se groeide op yn Skarsterbrźge en ferhuze op har achttjinde nei Leien om oan de Reinwardt Academie foar museummeiwurker te studearjen. Nei't se ōfstudearre wie, gie se fierder mei de stśdzje Keunstskiednis; har haadfak wie Keunstniverheid. Tusken 1986 en 1989 wurke se by de stifting Monument van de Maand, dźrnei as konservator yn it Museum Joure. Nei de berte fan har dochter hold se op mei wurkjen būten de doar, en begūn se te skriuwen. Neist boeken foar bern en jongerein skriuwt se ek ferhalen en gedichten foar folwoeksenen.

Mear ynformaasje oer de skriuwster is te finen by Tresoar en op de webstek fan It Fryske Berneboek

Bibliografy

Berne- en jongereinboeken:

  • 1994 :  Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid
  • 1995 : De billebiter
  • 1996 : De skat fan jonker Jan
  • 1997 : Pake past op Dideldeintsje
  • 1998 : Leaverikjes (Aksjeboek foar Bern foar It Fryske Boek)
  • 1999 : Snotaapkes (de bźste aventoeren fan Boltsje de Boer)
  • 1999 : Gefaar foar graaf Max
  • 2000 : Wolken fan wol (bewurking fan miten oer de metamorfoazen fan de Romeinske skriuwer Ovidius)
  • 2002 : De suertsjeplysje (nije aventoeren fan Boltsje de Boer)
  • 2003 : Mūske, myn famke (Aksjeboek foar Bern foar It Fryske Boek)
  • 2003 : Dideldeintsje wol nei skoalle
  • 2005 : Lederwyntsje, bern mei krźften
  • 2005 : Tsien lytse hekskes
  • 2006 : Oekebakke boem
  • 2006 : Skattich
  • 2007 : Ik bin in optocht

Poėzij:

  • 2000 : Frou ūle

« Werom

Fryske Skriuwersalmenak

Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters. It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn 'e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden. De lêste papieren almenak datearret fan 1994. Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst. Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn 'e loft.

Hantlieding

  • Under de letterbalke stiet de skriuwer fan jo kar.
  • Klik op Mear ynfo foar ynformaasje.
  • Yn ferbân mei de oanskerpe privacyregels binne gjin adresgegevens mear yn de almenak pleatst.
  • Nij is de mooglikheid om elektroanysk mei de skriuwers te briefkjen, alteast as hja in e-postadres hawwe. Klik dêrfoar op de link efter Kontakt. Yn it formulier sit it e-postadres fan de ûntfanger ferstoppe.
  • Steane by de (koarte) biografy gjin gegevens dan binne dy meast wol by Tresoar te finen.
  • Kommentaar en/of oanfollings graach mei dit formulier stjoere.