Skriuwersalmenak
|
![]() |
|
| Namme | Bottema, M.H. |
| Foarnamme | Meint Hylkes |
| Biografy | Berne yn 1890 te Eastermar as soan fan in bakker. Skreau al as jonge deiboeken en sketskes. Behalve op literatuer, wie syn belangstelling rjochte op architektuer. Foar syn oplieding ta boukundich tekener reizge er in wintermannich op en del fan Eastermar nei Ljouwert. Fan komôf otterdoks, gie er letter mear de frijsinnige rjochting en dy fan de kristlik-sosjalistyke beweging út. Brocht syn tsjinsttiid yn Brabân troch (mobilisaasje). Dêrwei stjoerde er ûnder pseudonym (Marten Baersma) yn ‘e simmer fan 1915 in oantal proazateksten nei Douwe Kalma. Dy hat makke, troch positive krityk te jaan en troch him yn de Jongfryske Mienskip te beheljen, dat Baersma mear op ‘e foargrûn kaam. Syn literêr wurk bestiet út trije langere ferhalen en fierders út koartere proazastikken. Yn 1917 waard er boukundige by de stêd Ljouwert, mar lang hat er dat net wêze mocht, want op 13 novimber 1918 stoar er oan de Spaanske gryp. Mear oer de skriuwer is te finen by Tresoar |
| Bibliografy |
|
« Werom

