Skriuwersalmenak

logo    Logo     logo 
Namme Altena, W.
Foarnamme   Wybren
 
Biografy Wybren Altena (1917 -1987) is berne yn Makkum as soan fan in binnenskipper. Hy soe geastlike wurde, hat in skoft op it seminaarje sitten, mar kaam yn 1938 yn Makkum werom om behearder fan it Keunsthûs te wurden. Nei syn trouwen is er nei Barendrecht ferhuze. In grut part fan syn wurk is skreaun foar syn eigen foardrachtprogramma’s dêr’t er nei de oarloch in protte sukses mei hie. Ut syn wurk sprekt humor en satire, mar ek earnst en djipgong. Pas nei syn ferstjerren is syn wurk bondele en útjûn.
Bibliografy

 Sammelbondel:

  • 1990 : De laitsjende wierheid

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Fryske Skriuwersalmenak

Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters. It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn 'e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden. De lêste papieren almenak datearret fan 1994. Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst. Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn 'e loft.

Hantlieding

  • Under de letterbalke stiet de skriuwer fan jo kar.
  • Klik op Mear ynfo foar ynformaasje.
  • Yn ferbân mei de oanskerpe privacyregels binne gjin adresgegevens mear yn de almenak pleatst.
  • Nij is de mooglikheid om elektroanysk mei de skriuwers te briefkjen, alteast as hja in e-postadres hawwe. Klik dêrfoar op de link efter Kontakt. Yn it formulier sit it e-postadres fan de ûntfanger ferstoppe.
  • Steane by de (koarte) biografy gjin gegevens dan binne dy meast wol by Tresoar te finen.
  • Kommentaar en/of oanfollings graach mei dit formulier stjoere.