Skriuwersalmenak
|
![]() |
|
| Namme | Miedema, H. |
| Foarnamme | Hessel |
| Biografy | Hessel Miedema is berne op 29 jannewaris yn Snits, mar groeide op yn Amsterdam. Studearre dêr keunstskiednis en nei syn stúdzje waard er direkteur fan museum Het Princessehof yn Ljouwert. Troch ûnwennigens fan Amsterdam gie er in 1963 werom nei de haadstêd, krige in baan as wittenskiplik meiwurker oan de UvA, en promovearre yn 1973. Tidens syn stúdzje kaam er yn 'e kunde mei Marten Brouwer, Sybe Sybesma en oare yn Amsterdam wenjende Fryske dichters. Yn 1950 ûnstie der in nije streaming yn de Nederlândske literêre wrâld, de "Fyftigers", eksperimentele pöezij dy't spontaan, assosearjendewei by de dichter opkaam. Dy fernijende literêre ideeën waarden etûsjast ûntfongen troch de jonge Fryske dichters fan doe, en sa ûnstie yn 1954 it eksperimenteel literêre tydskrift "Quatrebras". Benammen troch syn wurk foar "Quatrebras" waard Miedema ien fan de wichtichste, mar tagelyk ek ien fan meast kontroversjele figueren yn de Fryske literatuer. Dat kaam benammen troch de publikaasjes fan syn dichtwurk "Stadich brekke de foarmen út 'e skyl" en "De greate wrakseling". Mear ynformaasje oer de skriuwer is te finen by Tresoar |
| Bibliografy | Dichtwurk:
Ferskaat:
|
« Werom

