Skriuwersalmenak
|
![]() |
|
| Namme | Berber van der Geest |
| Wenplak | LJOUWERT |
| Kontakt | E-briefkje mei dizze skriuwer |
| Biografy | Berber van der Geest waard op 19 ferbrewaris 1938 berne yn Ljouwert yn in Frysktalich fermidden. Op 'e Roomske skoallen dêr't hja op gien hat, waard it Frysk net foar fol oan sjoen. Troch ynfloed fan har pake, de skilder Jaring Walta, begûn Berber dochs yn it Frysk te skriuwen. Nei de ULO woe sy graach nei de keunstakademy, mar it waard foarearst in baan op kantoar. Letter folge sy in oplieding ta beukerliedster en waard haad fan de Ljouwerter beukerskoalle Marije Hof. Nei de ynfiering fan de basisskoalle, waard sy beneamd ta lerares oan de katolike Thomasskoalle. Njonken har wurk studearre sy troch en helle akten foar tekenjen en Frysk. Foar mear ynformaasje oer de skriuwster sjoch by Tresoar |
| Bibliografy | Berneboeken:
Dichtbondels:
|
« Werom
