Skriuwersalmenak

logo    Logo     logo 
Namme Fedde Schurer
 
Biografy

Fedde Schurer waard op 25 july 1898 berne yn Drachten. Hy brocht syn jeugd troch op ‘e Lemmer, wie dêr earst timmerfeint en letter ûnderwizer. In konflikt mei it bestjoer fan de bysûndere skoalle oer it pasifisme brocht him yn 1930 by it iepenbier ûnderwiis yn Amsterdam. Nei de oarloch waard er haadredakteur fan de Heerenveense Koerier (Letter: Friese Koerier). Yn 1951 joech in haadartikel fan him oanlieding ta de saak Kneppelfreed. Schurer dubutearre yn 1920 mei fersen yn Yn ús eigen tael. Hy wie redakteur fan Frisia (1927–’35), Yn ús eigen tael (1925-’36), oprjochter fan it yllegale blêd De Rattelwacht (1944) en fan De Tsjerne (redakteur fan 1946-’64). Fan 1956 oant 1963 wie er lid fan de Twadde Keamer. Fedde Schurer is op 19 maart 1968 ferstoarn op it Hearrenfean.

Schurer wie dichter, mar ek in man fan de Fryske Beweging. Fan him is hiel wat ferskynd, mar de klam leit op toaniel en dichtwurk. Hy makke in Frysk psalm- en gesangboek, en bewurke bibelferhalen ta aktuele gedichten.

Foar mear ynformaasje oer de skriuwer sjoch by Tresoar

Bibliografy

Poëzij:

  • 1925 : Fersen
  • 1930 : Utflecht
  • 1931 : Heinrich Heine: Oersetting út syn dichtwurk
  • 1934 : Twiljocht (foar freonen, net yn ‘e hannel, letter opnaam yn Op alle winen)
  • 1936 : Op alle winen
  • 1940 : Fen twa wâllen
  • 1949 : Vox Humana
  • 1955 : Fingerprinten
  • 1966 : Opheind en trochjown: Fertalingen (oersettingen út it wurk fan R.M. Rilke en J.W.F. Werumeus Buning)
  • 1966 : Efter it nijs
  • 1966 : de gitaer by it boek
  • 1974 : Samle fersen (mei in ynlieding fan Douwe Tamminga)
  • 1998 : It dûbeld paradys (blomlêzing, mei in ynlieding fan Freark Dam)
  • 1999 : Gedichte / Dichtwurk (oersettingen út it wurk fan Heinrich Heine)


Ferhalen:

  • 1963 : Beam en bastRoman:
  • 1969 : De bisleine spegel: Autobiografy

Toaniel:

  • 1938 : Thúsreize
  • 1942 : Simson
  • 1954 : Bonifatius

Ferskaat:

  • 1934 : Lof fan alle tiden: Psalmen, gesangen en lieten
  • 1945 : Psalmen yn ‘e nacht
  • 1947 : Boek fan de psalmen
  • 1955 : Frysk psalm- en gesangboek
  • 1975 : Fedde Schurer op en út (samling teksten fan en oer Fedde Schurer)
  • 1976 : Sawnrisom 
  • 1998 : Ik bin in sjonger (lieten)



« Werom

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Fryske Skriuwersalmenak

Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters. It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn 'e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden. De lêste papieren almenak datearret fan 1994. Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst. Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn 'e loft.

Hantlieding

  • Under de letterbalke stiet de skriuwer fan jo kar.
  • Klik op Mear ynfo foar ynformaasje.
  • Yn ferbân mei de oanskerpe privacyregels binne gjin adresgegevens mear yn de almenak pleatst.
  • Nij is de mooglikheid om elektroanysk mei de skriuwers te briefkjen, alteast as hja in e-postadres hawwe. Klik dêrfoar op de link efter Kontakt. Yn it formulier sit it e-postadres fan de ûntfanger ferstoppe.
  • Steane by de (koarte) biografy gjin gegevens dan binne dy meast wol by Tresoar te finen.
  • Kommentaar en/of oanfollings graach mei dit formulier stjoere.
amomedia.nl © 2010