Skriuwersalmenak

logo    Logo     logo 
Namme Simke Kloosterman
 
Biografy Simke Kloosterman kaam op 25 novimber 1876 yn Twizel te wrâld as iennichst bern fan de Fryske dichter Jan Ritskes Kloosterman. Simke folge in goede oplieding dy't ôfrûne waard oan in kostskoalle yn Wijk by Duurstede. Hja koe libje fan it jild fan har âlden en wie dêrom bysteat om har hielendal ta te lizzen op it skriuwerskip.
Fan Simke Kloosterman ferskynde proaza en poëzij. It meast bekende wurk fan har is De Hoara's fan Hastings, dat letter ek yn de earste rige Fryske Klassiken opnaam waard. De skriuwster hat har neilittenskip ûnderbrocht yn in lien dat har namme draacht. Ienris yn de trije jier wurdt dêr in bedrach út beskikber steld foar de Simke Kloostermanpriis dy't ornearre is foar berne- en jongereinboeken.

Foar mear ynformaasje oer de skriuwster sjoch by Tresoar
Bibliografy

 

  • 1921: De Hoara's fan Hastings
  • 1927: It jubeljier
  • 1933: Hengis en Horsa
  • 1936: Ut de gielgoerde
  • 1944: Ut de gielgoerde (oarde diel)
  • 1963: Ut de gielgoerde (karlêzing)

Dichtwurk

  • 1910: Ruth: in hân fol ieren
  • 1932: De wylde fûgel
  • 1941: Lisck fan Eijsinga (ballade)
  • 1982: Myn lân ferskaat

Ferskaat

  • 1928: Twiljochtteltsjes (mearkes) (3de pr. 1981)
  • 1932-1933: Lyts Teltsjeboek for Fryske bern (mei T. Hellinga-Zwart) 3 dielen
  • 1932: Great Teltsjeboek for Fryske bern. (mei T. Hellinga-Zwart) (proaza en ferskes for bern)
  • 1936: Beppe yn 'e fleur (De Fryske Rige VII)
  • 1938: De Fryske Petiele (Yn 1986 bewurke troch Wieke de Haan: De Fryske petiele)
  • 1962: Simke Kloosterman Spreuken
  • 1976: De briefwiksel tusken Simke Kloosterman en Douwe Kalma, besoarge fan Dr. Dina Simonides

« Werom

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Fryske Skriuwersalmenak

Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters. It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn 'e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden. De lêste papieren almenak datearret fan 1994. Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst. Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn 'e loft.

Hantlieding

  • Under de letterbalke stiet de skriuwer fan jo kar.
  • Klik op Mear ynfo foar ynformaasje.
  • Yn ferbân mei de oanskerpe privacyregels binne gjin adresgegevens mear yn de almenak pleatst.
  • Nij is de mooglikheid om elektroanysk mei de skriuwers te briefkjen, alteast as hja in e-postadres hawwe. Klik dêrfoar op de link efter Kontakt. Yn it formulier sit it e-postadres fan de ûntfanger ferstoppe.
  • Steane by de (koarte) biografy gjin gegevens dan binne dy meast wol by Tresoar te finen.
  • Kommentaar en/of oanfollings graach mei dit formulier stjoere.
amomedia.nl © 2010