Skriuwersalmenak

logo    Logo     logo 
Namme Andringa, G.
Foarnamme   Greet
Wenplak SUWALD
Kontakt E-briefkje mei dizze skriuwer
 
Biografy

Greet Andringa is berne op 16 july 1971 yn Reduzum. Nei har stúdzje genêskunde , krige se in funksje as ferslavings- arts by de Kuno van Dijk Stichting te Ljouwert

De Haadpersoanen yn de ferhalen fan Greet Andringa binne gauris jonge minsken yn de oergong tusken bern en folwoeksenheid. Der is romte foar gefoel, foar kwetsberens en ûnmacht. Har eigen ûnderfinings as ferslavingsarts hat se yn inkelde ferhalen ferwurke. Yn in fraachpetear mei Gerbrich van der Meer ('Friesch Dagblad', 19-11-2003) sei se dêroer: 'Ik fyn it wichtich om kwetsberen in lûd te jaan, om my hoege it net perfoarst minsken út de haadstream te wêzen. Dêrmei wol ik net sasear in boadskip ôfjaan, mar dy minsken sitte my no ienkear heech. Miskien is dat ek wol it tema yn myn libben: minsken dy't bûten de boat falle, in gesicht jaan'.

Greet Andringa debutearre yn juny 1999 yn 'Trotwaer' mei it ferhaal 'De earste kear'. Njonken 'Trotwaer'' (letter part fan tydskrift De Moanne) publisearre se yn it 'Frysk Skriuwerskanlinder-boek' 2003 en yn it literêr tydskrift 'Hjir'. Har debút yn boekfoarm wie yn augustus 2003 mei de ferhalebondel 'De diggels fan Che'.

Mear ynformaasje oer de skriuwster is te finen by Tresoar

 

Bibliografy

Ferhalebondel

  • 2003:  De diggels fan Che
  • 2009:  Priiswinner ferhalewedstriid Boekewikegeskink 'Feestlift' (Deus ex)

 

Romans

  • 2008:  Libbenreach

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Fryske Skriuwersalmenak

Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters. It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn 'e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden. De lêste papieren almenak datearret fan 1994. Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst. Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn 'e loft.

Hantlieding

  • Under de letterbalke stiet de skriuwer fan jo kar.
  • Klik op Mear ynfo foar ynformaasje.
  • Yn ferbân mei de oanskerpe privacyregels binne gjin adresgegevens mear yn de almenak pleatst.
  • Nij is de mooglikheid om elektroanysk mei de skriuwers te briefkjen, alteast as hja in e-postadres hawwe. Klik dêrfoar op de link efter Kontakt. Yn it formulier sit it e-postadres fan de ûntfanger ferstoppe.
  • Steane by de (koarte) biografy gjin gegevens dan binne dy meast wol by Tresoar te finen.
  • Kommentaar en/of oanfollings graach mei dit formulier stjoere.