Skriuwersalmenak

logo    Logo     logo 
Namme Boomsma, J.
Foarnamme   Joop
Wenplak MENAAM
Webside www.joopboomsma.nl
Kontakt E-briefkje mei dizze skriuwer
 
Biografy

Joop Boomsma waard de fjirde augustus 1945 op 'e Rottefalle berne, mar ferhuze al as fjouwerjierrich jonkje nei Surhústerfean. Nei de Surhústerfeanster ulo kaam er yn Drachten op de rykskweekskoalle. Yn de skoalkranten fan ulo en kweek publisearre Joop Boomsma syn earste fersen en ferhalen, wylst er op de kweek, benammen troch Geale de Vries, ek mei toaniel yn oanrekking kaam.
Begjin 1968 wenne er in skoft op 'e Gordyk dęr't er yn 'e kunde kaam mei Rink van der Velde en Gerben Brouwer, mannen dy't him op it spoar setten fan de Fryske literatuer. Yn dy snuorje ferskynde foar it earst wurk fan him yn it moanneblęd De Strikel. Datselde jier krige Boomsma wurk oan de iepenbiere legere skoalle yn Gouderak; letter joech er les oan in mafű-skoalle yn Gouda oant er ein 1975 as learaar Nederlânsk en maatskippijlear oan de Ljouwerter Mafű-Nijlân (no Skoallemienskip Piter Jelles) nei Fryslân werom kaam. Joop Boomsma wennet sűnt 1976 yn Menaam.
Nei twa bondeltsjes yn eigen behear kaam yn 1972 Boomsma syn earste 'offisjele' fersebondel, Ierlitte, út by de Koperative Utjowerij. Der soene noch twa bondels folgje, mar syn eigen foarm fűn er dochs yn it skriuwen fan koarte ferhalen en benammen yn de misdiedliteratuer. Yn de priisfragen fan it Rely Jorritsmafouns hat er begjin santiger jierren ienris mei in ferhaal en twaris mei in fers in priis wűn.
Joop Boomsma hat meiwurke oan ferskate literęre blęden, wie redakteur fan Operaesje Fers, bestjoerslid fan De Fryske Bibleteek en in skoftlang foarsitter fan It Skriuwersboun. 

Mear ynformaasje oer de skriuwer is te finen by Tresoar

Bibliografy

Romans:

  • 1988 :  Ien foar de wraak
  • 1989 :  Kwea jild
  • 1994 :  In frou mei ljochtblauwe eagen (novelle, Boekewikegeskink 1994)
  • 1998 : Yn reek ferflein
  • 2002 : Skriuwersdeiboek

Ferhalebondels:

  • 1974 :  Dunnik en oar proasa (eigen beheer)
  • 1992 :  Picasso, lęste wurk (Misdied ferhalen)

Dichtwurk:

  • 1969 :  Frysk om utens (eigen beheer)
  • 1970 :  Multipleks (eigen beheer)
  • 1972 :  Ierlitte
  • 1976 :  Wetter, stien en sân
  • 1986 :  Waskje op mendje

Ferskaat:

  • 1976 :  Peteareboek. Petear en profyl (Petearen mei Simen Feenstra, Juw fon Wearinga, Sjoerd     Leiker, Fokke Sierksma, Eelke Simens de Jong, Marten Koops Scholten, Rein Boomgaardt, Gerben Brouwer)
  • 1978 :  Tobeksjen op 't oulein paed (Fiifentwintich jier Fryske Winterjoune-nocht)
  • 1979 :  PROTEST/PORTRET (Fersen fan Jan Dotinga, Joop Boomsma en Meindert Bylsma. Foto's Henk Kuiper)
  • 1987 :  Skroei (Jongereinferhalen, mei ferskate oare skriuwers)
  • 2006 : Om fan dit lân te hâlden

Gearstaller fan:

  • 1979 :  Earnst en Koartswyl (In samling folkspoëzij en foardrachten út eardere tiden)
  • 1981 :  Is frede wier itselde as gjin oarloch mear?
  • 1991 :  Fryske Misdied Ferhalen
  • 1994 :  Knyflok en Reidmannen en oare misdiedferhalen

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lęst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Fryske Skriuwersalmenak

Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters. It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn 'e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden. De lêste papieren almenak datearret fan 1994. Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst. Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn 'e loft.

Hantlieding

  • Under de letterbalke stiet de skriuwer fan jo kar.
  • Klik op Mear ynfo foar ynformaasje.
  • Yn ferbân mei de oanskerpe privacyregels binne gjin adresgegevens mear yn de almenak pleatst.
  • Nij is de mooglikheid om elektroanysk mei de skriuwers te briefkjen, alteast as hja in e-postadres hawwe. Klik dêrfoar op de link efter Kontakt. Yn it formulier sit it e-postadres fan de ûntfanger ferstoppe.
  • Steane by de (koarte) biografy gjin gegevens dan binne dy meast wol by Tresoar te finen.
  • Kommentaar en/of oanfollings graach mei dit formulier stjoere.