Skriuwersalmenak

logo    Logo     logo 
Namme Rozendal, A.
Foarnamme   Anders
Wenplak DOKKUM
Bertejier 1946
Kontakt E-briefkje mei dizze skriuwer
 
Biografy

Anders Rozendal is berne op 27 augustus 1946 yn Easternijtsjerk. Al ridlikgau ferfearen syn âlden nei Nes yn de Dongeradielen, yn dat doarp is er opgroeid. As jonge wie Anders Rozendal leaver op it sportfjild dan dat er mei syn noas yn 'e boeken siet. Sadwaande is er al op syn fjirtjinde jier, nei twa jier mulo, begûn te wurkjen. Hy hat, foardat er by Philips yn Drachten oan it wurk rekke, fan alles by de ein hân. Hy wie fytsmakker, fabryksarbeider en hat op in coaster fearn. Sûnt febrewaris 2006 is er út it wurk en kin er him alhiel talizze op skriuwen. Rozendal wennet mei syn frou Corry Boelens, skriuwster fan de by de KFFB útkommen roman Paadsikers, yn Dokkum.

Bibliografy

Romans:

  • 2001 : De muorre
  • 2002 : Grinzen foarby
  • 2003 : De baas traktearret
  • 2004 : Alles yn 'e macht
  • 2005 : Moard oan 'e Moansmawei
  • 2006 : Dy jonge fan Beintema
  • 2007 : It paad fan de foks
  • 2008 : Under de sinne fan de Ivige
  • 2009 : It kaartehûs

Ferhalen:

  • 2009 : Priiswinner ferhalewedstriid Boekewikegeskink 'Feestlift' (Wetterloo)
  • 2009 : Hupsakee en oare ferhalen

« Werom

Fryske Skriuwersalmenak

Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters. It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn 'e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden. De lêste papieren almenak datearret fan 1994. Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst. Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn 'e loft.

Hantlieding

  • Under de letterbalke stiet de skriuwer fan jo kar.
  • Klik op Mear ynfo foar ynformaasje.
  • Yn ferbân mei de oanskerpe privacyregels binne gjin adresgegevens mear yn de almenak pleatst.
  • Nij is de mooglikheid om elektroanysk mei de skriuwers te briefkjen, alteast as hja in e-postadres hawwe. Klik dêrfoar op de link efter Kontakt. Yn it formulier sit it e-postadres fan de ûntfanger ferstoppe.
  • Steane by de (koarte) biografy gjin gegevens dan binne dy meast wol by Tresoar te finen.
  • Kommentaar en/of oanfollings graach mei dit formulier stjoere.