Skriuwersalmenak

logo    Logo     logo 
Namme Feddema, A.
Foarnamme   Anne
Wenplak LJOUWERT
Webside www.annefeddema.nl
Bertejier 1961
Kontakt E-briefkje mei dizze skriuwer
 
Biografy

Anne Feddema waard op 24 septimber 1961 berne yn Ljouwert. Nei in stúdzje oan 'e Ljouwerter keunstakademy folge hy in postakademyske oplieding oan Ateliers '63 yn Haarlem. Feddema is in alsidich keustner.  Hy is aktyf as dichter en skriuwer, as skilder en as muzikant en performer.

Mear ynformaasje oer de skriuwer is te finen by Tresoar

Bibliografy

Dichtwurk:

  • 1995 : Oers. Dichtwurk Kurt Schwitters
  • 1997 : Slapstickiepenbierings
  • 2005 : Reidhintsje op 'e Styx

Ferskaat:

  • 1995 : Yn Bzzlletin oersettingen fan fersen fan Kurt Schwitters
  • 1997 : Bydrage  yn Byskrift nû 17, Salút Walt Whitman!
  • 1998 : Oers. Hans Arp, Wassily Kandinsky en Paul Klee

Ferhalebondel:

  • 2009 : Skúnpútsersgúd

« Werom

Fryske Skriuwersalmenak

Fryslân hat in ryk ferskaat oan skriuwers en dichters. It Fryske Boek en it Skriuwersboun hawwe yn 'e mande mei it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar in Skriuwersalmenak gearstald en besykje dy sa folslein mooglik by de tiid te hâlden. De lêste papieren almenak datearret fan 1994. Dy is letter digitalisearre en op de webstek fan It Fryske Boek pleatst. Sûnt koart is hy ek op de nije webstek yn 'e loft.

Hantlieding

  • Under de letterbalke stiet de skriuwer fan jo kar.
  • Klik op Mear ynfo foar ynformaasje.
  • Yn ferbân mei de oanskerpe privacyregels binne gjin adresgegevens mear yn de almenak pleatst.
  • Nij is de mooglikheid om elektroanysk mei de skriuwers te briefkjen, alteast as hja in e-postadres hawwe. Klik dêrfoar op de link efter Kontakt. Yn it formulier sit it e-postadres fan de ûntfanger ferstoppe.
  • Steane by de (koarte) biografy gjin gegevens dan binne dy meast wol by Tresoar te finen.
  • Kommentaar en/of oanfollings graach mei dit formulier stjoere.