Skriuwersalmenak
|
![]() |
|
| Namme | Boorsma, P. |
| Foarnamme | Pier |
| Wenplak | GRONINGEN |
| Biografy | Pier Boorsma is op 15 maart 1944 berne te Snits. Hy studearre filosofy yn Amsterdam en Frysk yn Grins. Boorsma wie al yn syn Amsterdamske tiid aktyf yn ‘it Frysk Literêr sirkwy’. Yn 1967 wie hy ien fan de organisatoaren fan it poëzyfestifal yn Ljouwert. Mei Johan Frieswijk en Pieter J. de Groot rjochte Boorsma it Frysk Literêr tydskrift Sonde op, dêr’t er fan 1969 oant 1981 fan yn de redaksje sitten hat. Ek wie er redakteur fan de dichterstelefoan Operaesje Fers. Boorsma wie ynisjatyfnimmer foar de útjefte fan de Spiegel van de Friese pöezie (1994). Tegearre mei Teake Oppewal wie hy ferantwurdlik foar de gearstalling fan de twatalige útjefte, dy’t in oersjoch jout fan de Fryske poëzy troch de tiden hinne. Sûnt 2001 is Pier Boorsma resinsint poëzy by it Friesch Dagblad. Mear oer de skriuwer is te finen by Tresoar |
| Bibliografy | Dichtwurk
Ferskaat
|
« Werom

