| Lêsferslach |
Yn dizze ferhalebondel wurde alle koarte ferhalen dy't Bottema earder skreaun hat en dêr't guon fan yn oare sammelbondels ferskynd binne en/of yngripend feroare binne, byinoar yn ien bondel foege. Yn De dreamefanger komme twa broers dy’t tegearre in autohannel yn Klassikers driuwe, op ‘e foet folge. De iene hat mear each foar de klassike aspekten, de oare foar de kommersjele útgongspunten. Hoe’t in frou behoarlik roet yn t iten smite kin en dêrmei de bruorreleafde hast útskuort, wurdt yn dat ferhaal beskreaun. De Lycklamatapes liket in moaie parody te wêzen op alle ferneamde tapes dy’t ús yn live-registraasjes en dokumintêres fakernôch foarset wurde. Diskear de registraasjes fan in neigeanderige buorfrou dy’t har jonge, moaie buorfrou it ljocht yn 'e eagen net gunt en suver ferromme liket te wêzen, dat se op it ferkearde paad rekke is. Winterliet jout de lêzer in ynkykje yn in deftich bordeel. Yn Tafeltje dekje wurdt presiis útlein wêrom’t je minsken dy’t sels net mei har iten rêde kinne, altyd serieus nimme moatte en altyd iepen stean moatte foar de itenswinsken. De bline en de lamme is in prachtich krystferhaal, as it alteast in bytsje luguber wêze mei. Us heit en ik jout in skitterjend relaas oer in heit-soan ferhâlding, dêr'tst dy by ôffreegje kinst oft de rollen wol ea omdraaid wurde. Hâldt in soan oant it lêst ta syn heit de hân boppe de holle? It geheim fan kaptein Haddock kin sjoen wurde as de syktocht nei it flinterstrikje fan in omheechfallen figuer dy't it altyd better wist en dêr’t de buorman op ‘t lêst syn nocht fan hie. Yn Grutte Geale wurdt de gekte foar de plattelânsromantyk beskreaun. Isabel Winter is in mysterieuze frou dy''t in treintsjeman alhiel yn 'e besnijing hat. It tredde ferhaal giet oer in soan dy't fan moaie auto’s en motors hâldt en mei in dichter as heit oantangele sit: sûnt dy syn snoekebek fuortdien hat, is er allinne noch mar yn syn gedichten ynteressearre en is it Obe Pot foar en nei. Yn Utfiering wurdt beskreaun hoe’t Sipke mei syn maten nei in toanielfoarstelling tagiet en stadich oan de drank went en dêr wat selsbetrouwen fan krijt.
Wieke de Haan |