Katalogus

Dêr is Marten wer

Auteur(s)     Riemkje Pitstra
Utjouwer     Afûk
Ferskynd     2009
Priis     € 12,95
ISBN     978 90 6273 811 3
book
Lêsferslach    

Dêr is Marten wer

Riemkje Pitstra

Marten de mûs hat in hiel skoft lang in populêre omropmûs west foar Omrop Fryslân. Fan dizze ferneamde mûs is no opnij in boek útbrocht, mei diskear tekeningen yn kleur, dy’t makke binne troch Tryntsje Bottema.
De ferhalen binne ferdield yn in skift foar maitiid, simmer, hjerst en winter, mei elk trije of fjouwer ferhalen en binne opboud yn hiel begryplike taal.
De ferhaaltsjes binne hiel geskikt om foar te lêzen, mar de opmaak en de lingte fan de sinnen is wol sà dat bern se ek sels maklik lêze kinne.
Marten is in ûndogensk mûske en hy fynt dan ek fan alles út, dêr’t bern grif om laitsje kinne. Alles komt gelokkich wer op de (mûze-)poatsjes telâne.
Sa stiet der bygelyks in ferhaal yn fan in eigenwize pau. Marten sil de pau wolris even in leske leare en fervet syn fearresturt griis op. De pau krijt spyt en de rein spielt de ferve gelokkich wer fuort. In oar ferhaal hjit ‘In dief yn de tún!’en giet oer Sibe de slak dy’t gatten yn de ierdbeien fret. Dat fynt Marten net sa moai, mar tegearre fine se in oplossing.
Sa ha alle ferhaaltsjes in dúdlik begjin en ein en de tekening oan de rjochterkant jouwe in moai sfearbyld fan elk ferhaal.

Wieke de Haan

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: