Katalogus

Pasta, pizza & patat

Auteur(s)     Baukje Wytsma
Utjouwer     Friese Pers Boekerij
Ferskynd     2009
Priis     € 9,95
Sjenre     (Foar)lêsboeken 0 - 6 jier
book
Lêsferslach    

Moai yn de Berneboeketiid is in nij berneboek ferskynd dat skreaun is troch Baukje Wijtsma en tapaslik yllustrearre troch Carla van der Heijde. Jammie, in lyts baaske hâldt fan lekker iten, salang as  it mar pasta, pizza, patat of appelsmots is.
‘Jammie-jammie’ is ek de oprop as bern wat hiel lekker fine. It komt moai út dat Jammie fan lekker iten hâldt.
Heit en mem ha it drok, sadwaande ite se gauris maklik iten. Dat is Jammie wol nei ’t sin.
Op in dei komt omke Dop, in topkok by Jammie en dy útfanhûs. Syn mem slooft har út mei hearlik iten. Omke Dop stelt it tige op priis, mar Jammie fynt it iten net lekker.
Omke Dop wol de oare deis wol foar him siede en dan mei Jammie helpe yn ’e keuken.
Wat er echt lekker fynt; pasta, pizza en patat, dat meitsje se. Net in bytsje, mar echt in hiele soad. As it oan ‘t iten ta is, leit Jammie mislik ûnder de tafel...

Wieke de Haan

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: