Katalogus

Tantalus

Auteur(s)     Manuela Köster
Utjouwer     Utjouwerij Elikser B.V.
Ferskynd     2009
Priis     € 18,50
Sjenre     12 jier en âlder
book
Lêsferslach    

Tantalus

Manuela Köster

Tantalus – Manuela Köster

Fayda is de dochter fan Safout: ien fan de grutste misdiedigers fan Egypte: in spikerhurde man, dy’de opfieding fan syn dochter oerlit oan syn broer Sabaan. Sabaan hat de lieding fan it Alexandrië Kartel, mar syn broer hat opdracht jûn om de Fayda yn te wijen, sadat sy de deistige lieding fan de misdied-organisaasje oernimme kin. Har broer Moestafa is ferstoarn en no wol er dat syn dochter him pfolget.
Fayda wennet mei har omke op in grut jacht, mar brûkt it hûs fan har ferstoarne mem as thúsbasis. Har mem koe goed skilderje en ek Fayda hat har aardich bekwame yn dizze foarm fan keunst. Op in kear freget se Maher, in meiwurker fan har heit om foar har te posearjen. Dizze Maher is in under-cover plysje dy’t it gefoel hat dat er mear te witten komt oer Safout salang as er omgong hat mei Fayda.
De opponinten fan it Kartel wurde oanfierd troch Omar, in fûl tsjinstanner fan Safout. Hy wurdt yn it bywêzen fan syn soan Beni yn de bibleteek deasketten troch Sabaan. Neef Taher stiet op nominaasje om Omar op te folgjen.
Safout wol dat Maher Tarek op de begraffenis fan Omar deasjit, want ien dy’t omgong mei syn dochter hat en wat yn it kartel te betsjutten ha wol, moat earst wol bewize dat er net benaud is.
Maher makket ôfspraken binnen it plysje-apparaat en it slagget him om Tarek mei neppatroanen te ‘deadzjen’. Dizze trúk wurket foarearst. Letter lekt it nijs dat Tarek noch libbet trochspile oan Safout.
Salima, de mem fan Omar, wol mei de plysje prate, mar foardat se in boekje iepen dwaan kin, wurdt se delstutsen troch Sabaan. Beni stimt ta om mei de plysje te praten en it argyf fan syn heit oan de plysje út te leverjen. Foardat soks bart, wurdt it hûs yn ‘e brân stutsen, alwer troch minsken fan it Alexandrië-Kartel. De plysje fynt by in hússiking ôfluústerapparatuer yn it hûs fan Beni, mar ek ûnder in buro op it plysjeburo wurdt ôflústerapparatuer fûn. No witte se ek wêrom ’t it Kartel de plysje hieltyd in stap foar is.
It Kartel makket mei gebrûk fan smarjild gebrûk fan hotels ensafh. Ien fan de hotel-eigneressen wol net mear gearwurkje mei it kartel; sy wurdt geweken naam en sa bewurke dat se mei man en soan it lân útflechtet.
Merit en Zahi binne plysjeminsken dy’t foar de antikiteite-plysje wurkje. Oan harren de taak om de dieders fan de moardpartijen te finen. Zahi fielt in hiel soad foar Merit en wol graach mei har trouwe.
Sabaan is fereale op Fayda. Hy kin gjin kant út mei syn gefoelens omdat er har omke is en achte wurdt syn omkesizzer te beskermjen. Fayda is foar him syn Ivige Tantalus. Har mem wie syn grutte leafde, mar omdat dy troud wie mei Safout en twa bern by him hie, doarde er dêr neat mei te begjinnen. Mar Safout trochsjocht him en ek al is der neat bard, hy is sa jaloersk dat er syn frou foar Sabaan syn eagen deaslacht en syn broer oan ‘e ketting leit yn de kelder fan syn fou har hûs en him ûngenedich martelet. Fayda wie noch hiel lyts doe’t dit foarfoel. Har is latyd foarhâlden dat ynkringers har mem deade ha.
Maher wurket foar it museum yn Caïro. Safout ek, mar mei de bedoeling om de slach fan de ieu te slaan ntl. om de artefakten te stellen. De direkteur sit ek yn ’t komplot. Safout ûntkomt mei Maher. De plysje komt wer krekt te let by de loads dêr’t de kostbere lading oerladen waard. Lykwols ride se yn in hinderlaach en wurdt Safout útlevere oan de plysje. Maher giet yn it bestelbuske mei de kostbere bút fierder mei it plan.
Fayda besiket Sabaan te ferlieden want dy hat de sinjalen fan har omke allang oppikt. Neidat Sabaan Fayda ferteld hat dat har heit oppakt is troch de plysje, frije se foar it earst.
Dan geane se nei it hoteldêr’t Maher oernachtet.
Maher die him foar as kontaktpersoan dy’t harren fertelde dat Safout oppakt wie, mar Fayda en Sabaan witte no dat Maher Safouyt ferret hat en fia Fayda tagong krije woe ta it Kartel.
Maher wurdt deasketten troch Sabaan, yn in kiste treaun en yn it bestelbuske delset, dêr’t earst de stellen artefakten ynsieten. Sabaan smyt ien âld faaske stikken oer de flier fan in kofjehûs mei in fisitekaartsje fan in konkurrint derby om de plysje op in dwaalspoar te bringen.
Fayda stoppet Sabaan syn boesgroen dêr’t it bloed fan Maher opsit, yn har heit syn kleankast. Maher syn pistoal smyt se oerboard.
Fayda wit dat se macht oer Sabaan hat.
Farouk Manauat, plysje út Caïro nimt kontakt op mei Zahi, de broer fan Maher. Se sitte der oer yn dat der wat bard is mei Maher. Se fine it kofjehûs en dêrmei de bloedspoaren en de oare oanwizings.
Sabaan deadet Emad Suleiman, in âld-opponint en hy fynt yn Karim syn skuorre de bút út it Egyptysk museum fan Caïro, klear om fûn te wurden troch de plysje.
Merit en Zahi wurde ûntfierd troch Karim en soan Saleh, mar wurde rêden troch Sabaan.
Toeristen dy’t ferbearne keunstskatten op yllegale wize oankeapje wurde snapt troch de plysje. Sy ferriede Sabaan, mar dy wit te ûntkommen.
Sabaan keapet in rjochter om, om derfoar te soargjen dat syn broer Safout skuldch ferklearre wurdt, want hy is as de dea dat as syn broer frijkomt wat de gefolgen wêze sille as hy wit dat er ynsest mei syn omkesizzer pleget.
Safout wurdt yndie oanklage foar:
It lieding jaan oan in kriminele organisaasje; de oerfal op it museumtransport en it helen en swarthanneljen fan Egytysk mienskiplik erfguod.
Zahi krijt fan in krimineel te hearren dat Merit net is foar wa’t se har útjout. Merit seit dat se lykwols noch wol fan him hâldt. As se fan Zahi heart dat har heit en omke eartiids har mem ombrocht hat, twingt se har omke om te bekennen hoe’t it eartiids by de dea fan har mem om en ta gien is. Mar as se de wierheid heart, is it al te let, want se hat har omke ferret troch hjir en dêr spoaren foar de plysje achter te litten. Sabaan kin in libben achter de traljes net oan en makket himsels fan kant troch oer in muorre te springen. Dan nimt Fayda wraak troch har heit yn de finzenis op te sykjen en dea te stekken. Dat se dêr har frijheid mei ferspilet is it har wol wurdich, want se wol mei de wierheid libje. ‘Allinne de wierheid makket frij’.

Wieke de Haan

 

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: