| Lêsferslach |
Neeltsje
Rikky Nagel
Neeltsje Op humoristyske wize sketst Rikky Nagel in byld fan de húshâlding dêr’t sy yn opgroeid is. As tredde fan seis bern fertelt sy op iepenhertige wize oer de tsjinslaggen dy’t harren oerkommen is. Har heit hat in leanbedriuw sa’n twa kilometer bûten it doarp. Der moat hurd wurke wurde, it is in kwestje fan oanpakke en trochsette, mar it is in lokkige tiid. Dan slacht it needlot ta, de tiden wurde minder en it bedriuw moat ferkocht wurde. In grutte klap foar de húshâlding. It bestjut dat de bern ôfskied nimme moatte fan harren ‘thús’, mem fan har ‘paradyske’ en heit fan syn libbenswurk. Sy ferhúzje nei in lytsere pleats oan de râne fan it doarp. Heit besiket mei handel wer in bestean op te bouwen. Humor is ien fan de driuwfearren om troch te gean. Dan slacht it needlot wer ta, mem wurdt siik en ferstjert op 56-jierige leeftiid. It ‘kapteinske op it skip’ is net mear. In ramp foar de famylje mei noch fjouwer bern yn ‘e hûs . Rikky is ûnderwilens troud en hat twa bern. De famylje besiket de tried fan it bestean wer op te pakken, mar it giet dreech. Benammen it jongste suske Neeltsje hat it swier. Sy is noch mar fjirtjin jier as har mem komt te ferstjerren en kin it nearne fine. De skoalle hat der ûnder te lijen, sy yt net mear en komt sneontejûns nei it stappen fierstente let thús. Heit kin dat net opfange, hy is telider slein troch it ferlies fan syn frou en nimt net de ferantwurdelikheid foar de húshâlding. Dat is foar Rikky de oanlieding om Neeltsje by har yn ‘e hûs te nimmen. Sy jout har de oandacht dy’t Neeltsje nedich hat. In drokke tiid brekt oan, ek de oare bern fan it gesin meie graach by Rikky oer de flier komme. Heit giet syn eigen gong, treft al rillegau in frou, troudt mei har en ferhuzet nei de Wâlden. It needlot slacht wer ta as er hommels komt te ferstjerren, noch mar 63 jier âld. Underwilens ha de bern dan allegearre har plakje fûn. Neeltsje fynt har lok yn in lyts húske oan de Berltsumerfeart, mei man en twa bern. Dizze debútbondel fan Rikky Nagel is ta stân kommen troch it net hielendal goed ferwurkje kinnen fan it fertriet wat op har ôfkaam. Troch harsels wei te siferjen en de plichten te dwaan dy’t sy tocht dwaan te moatten, hat der nea romte west om it in plakje te jaan. Jeltsje de Jong
|