Katalogus

Ytboekje

Auteur(s)     Wieke de Haan
Utjouwer     Utjouwerij Bornmeer
Ferskynd     2009
Priis     € 12,90
Sjenre     8 jier en âlder
book
Lêsferslach    

Ytboekje

Wieke de Haan en Jacqueline van Leeuwenstein

Itensiedersboekje foar bern fan 8 oant 12 jier, mar ek foar jongere bern poergeskikt as it brűkt wurdt űnder begelieding fan in folwoeksene.
De eigensinnige, mar foaral ek humoristyske  tekeningen foegje in tige ‘appetijtelijk’ elemint ta oan de skreaune resepten.
It Ytboekje is ferdield yn tsien haadstikjes. Fan it earste resept dat beskreaun stiet, is in foto makke, dy’t op in hiele fernimstige wize yn in tekening werom te finen is.
Sa stiet der bygelyks in foto fan in grysmoalpudding yn, dy’t troch trije tekene famkes beethâlden wurdt.
It tonynbroadsje op in oare foto wurdt troch twa matroaskes en in seefűgel yn ’e gaten hâlden.
De sűkeladefondu wurdt brűkt as swimbad, de sitroenkeekjes steane útstald op in tafel dy’t belaagd wurdt troch allerhanne figueren en sa sit yn hast elk plaatsje in ferhaaltsje.
It is de bedoeling dat bern troch dit boekje aardichheid krije om lytse hapkes klear te meitsjen.
Mei opset sin steane der (noch) gjin resepten yn fan waarm-itensgerjochten.
Fansels moatte grutten in eachje yn ’t seil hâlde as bern mei it boekje oan ’e slach gean, mar se kinne leare om mei in minimum oan yngrediënten wat smaakliks tefoarskyn te toverjen!

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lęst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: