Katalogus

Tomke nei de dokter

Auteur(s)     Geartsje Douma
Utjouwer     Afûk
Ferskynd     2009
Priis     € 6,50
ISBN     978 90 6273 807 6
Sjenre     (Foar)lêsboeken 0 - 6 jier
book
Lêsferslach    

Tomke nei de dokter

Geartsje Douma

In geskikt boekje foar bern dy’t (in bytsje) siik binne en even wat treast nedich ha.
Yn dit ferhaaltsje wikselje fjouwerrigelige kûpletsjes, dêr’t de twadde en fjirde rigel hieltyd fan rymje en tekening fan Luuk Klazenga inoar ôf.

It bekende freontsje Tomke hat in sear kieltsje en hy hoastet nochal wat. Romke it hûntsje blaft dat er ek siik is. Mar Kornelia seit dat hûntsjes net nei dokter ta meie.
Dokter sjocht even yn tomke syn kieltsje en hâldt de stetoskoop op syn bleate feltsje.
De dokter seit dat mei in drankje  it kocheljen sa wer oer giet.
As Tomke wer thús is mei er op de bank lizze mei in tekkentsje oer him hinne.
Kornelia lêst him in ferhaaltsje foar.
Romke slûpt nei de kuolkast ta en smart himsels 6under de mayonêze ek docht krekt as is it in grutte snotbongel.hy giet nei Tomke en Kornelia en blaft dat er sà ferkâlden is.
Kornelia jout it hûntsje dan ek mar gau in leppelfol fan it hoastdrankje. Mar dan rûkt Kornelia de mayonêze en faget dat gau fan syn snút. Se kinne der wol om laitsje.
Tomke en Romke krije beide in iislolly foar it seare kieltsje fan Kornelia en dan is’t boekje út.

Wieke de Haan

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: