| Lêsferslach |
Hupsakee
Anders Rozendal
Hupsakee en oare ferhalen – Anders Rozendal It ferhaleboek ‘Hupsakee’ fan Anders Rozendal telt mar leafst 60 hiel útienrinnende ferhalen. In part fan dy ferhalen hat earder publisearre west yn De sneinspetiele fan it Friesch Dagblad. In boek om jin mei en/of oer te fernuverjen. Guon ferhalen ha in ferrassend ein en oaren kabbelje súntsjes nei de ein. De nostalgyske kant neist. Bygelyks it ferhaal ‘De hoeder’ oer in jonge dy’t skiephoedzje noch as ideaal fakânjebaantsje sjocht, űnder oaren omdat de famkes dat wol stoer fine sille. Neffens my moatte de measte puberfamkes net folle ha fan skieppestront, mar hawar. Yn dit boek giet it by de űntknoping ek oer de desyllúzje en dy is dan wer moai ferpakt. As lęzer sjochswt sa’n loaie fint dy’’t de skiep nei de auto dirigearret, samar foar dy. Guon ferhalen geane fan in famyljesitewaasje út, lykas it ferhaal ‘De registers iepen’ oer in heit dy’t him sanedich bewize moat yn in tsjerkekoar. Hy wurdt even moai teplak set troch ien fan de bern. Guon paken en beppen binne wat nammesiik. Dat gegeven wurdt prachtich werjűn yn it ferhaal ‘Lytse argewaasje’. In besite nei Ikea, dan ferwachtest dat minsken dy’t dęr foar it earst komme, der oer falle sille dat se earst de hiele winkel troch moatte eardat se troch de kassa kinne, of dat se yn it magasyn sels de brut út- en opsykje moatte en dat dan it artikel dat se ha wolle, krčkt op is; mar nee, de manlike besiker fan Ikea stroffelet hiel earne oars oer yn it ferhaal ‘Kassa’. It ferhaal ‘De dichter’ jout moai de otterdoksens yn de sinteklaasbeleving wer en hoe’t nijkommers yn de famylje har dęr oan besykje oan te passen. Genôch ferdivedaasje dus om dit boek sa no en dan op te krijen en wer in pear ferhaaltsjes te lęzen.
Wieke de Haan
|