Katalogus

In beferzen mar

Auteur(s)     Durk van der Ploeg
Utjouwer     Friese Pers Boekerij
Ferskynd     2009
Priis     € 18,50
ISBN     978 90 330 0839 9
Sjenre     Romans / Ferhalen
book
Lêsferslach    

In beferzen mar

Durk van der Ploeg

In beferzen mar – Durk van der Ploeg

Konfrontaasje fan twa bruorren dy’t inoar út it each ferlern hawwe. Wat harren heit de húshâlding oandien hat troch syn hiele libben lang de skande fan syn pake probearje wei te poetsen en yn syn eagen foar earherstel te soargen, rint út op it tsjinoerstelde.
De beide brourren skele acht jier.
Lochman, de âldste fan de beide, wie sân jier doe’t harren mem ferstoar – mei omdat der gjin medykse help helle waard – en acht jier doe’t syn jongere bruorke Teeves ‘weijűn’ is.
Teeves komt der krekt yn de puberteit achter dat syn ‘âlden’, pleechâlden binne. Fansels is er obsternaat, mar krekt neidat er jierren letter nei in swiere burn-out út it űnderwiis rekke is, giet er op syktocht nei syn biologyske heit en broer.
De heit is dan al ferstoarn, mar syn broer – krekt skieden – wennet noch op it bertestee.
Loch hat froeger sa goed as er koe op syn lytse broerke past en him de flesse jűn. Neidat it lyts jonkje út syn libben ferdwűn is, groeit er eins sűnder famylje – útsein syn heit- op, want syn heit hat nei in akkefysje oer in itensfoarke, alle ferbining ferbrutsen mei wat er ‘de kâlde kant’neamt. Omdat syn heit ienichst bern wie, is der ek gjin famylje fan dy kant.
De beide manlju taaste ôf hoefier’t se gean kinne en besykje sa de puzel fan hoe’t it eartiids safier komme kind hat, op te lossen. Troch in űngemak op it iis rekket de jongste broer swier siik en yn ’t sikehűs op de hertbewaking. Hy oerlibbet it trelit net en de âldste broer komt derachter dat hy fan syn broer begűn te hâlden. Hy bliuwt sitten mei de tinzen hoe oars it allegear rinne kind hie as se as bruorren opgroeid west hiene.

Wieke de Haan

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lęst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: