Katalogus

Potstro Fongers

Auteur(s)     Sietse de Vries
Utjouwer     Friese Pers Boekerij
Ferskynd     2009
Priis     € 17,50
ISBN     978 90 330 0835 1
Sjenre     Romans / Ferhalen
book
Lêsferslach    

Potstro Fongers

Sietse de Vries

Potstro Fongers – Sietse de Vries

It nijste boek fan skriuwer Sietse de Vries – ek Boek fan de Wike yn de Sutelaksje fan 2009 – is in misdiedroman dy’t him krekt as de foarige misdiedromans ôfspilet oan de Dokkumer Ie.
De goede fersteander hat al gau yn ’e gaten dat restaurant anneks camping ‘De Flear’ yn Bartlehiem model stien hat foar it Frysk spesjaliteiterestaurant dêr’t yn dit boek sprake fan is.
Ek in oar eigensinnich restaurant, dat ûnderwilens net mear bestiet, ntl. Restaurant Piet Paaltjens, is foar dejinge dy’t wolris yn Ljouwert út iten giet, net dreech om foar de geast te krijen as de skriuwer it oer reastaurant ‘De dichter’ hat.
Dat makket dizze roman krekt sa nijsgjirrich, omdat it him op werkenbere plakken yn Ljouwert en omkriten ôfspilet. Sa spilet ek de rikeljusbuert ‘Woelwijk’ yn Gytsjerk, in rol yn it boek.
It boek is opboud út ferslaggen dy’t begjinne mei it fermelden fan dei, datum en jiertal. Soms flashbacks, op oare stuiten wer gronologysk.

Snackbarhâlder Cor Fongers bakt al tweintich jier patat en wol eins wolris wat oars. Stikum dreamt er fan in Frysk spesjaliteiterestaurant mei potstro as foarnaamste gerjocht. Tafallich komt in klant fan him, de aptekersassistint Marten Bok, hjirefter en nimt him mei op sleeptou nei in kulinêr aventoer. Bok hat in malafide hanneltsje yn pilleguod en moat in partner ha dy’t in loads dy’t er hiert, mei bybehearrend restaurant en camping, keapje wol, sadat Bok op deselde foet trochgean kin mei syn goudmyntsje.
Hjir hat er ek de help by nedich fan de direkteur fan it Medysk Sintrum Fryslân, Siger Kalsbeek. Marten Bok tinkt dat er de direkteur aardich yn ’e tange hat, troch it boppe wetter krijen fan in stik as wat stjergefallen yn de operaasjeseal, dy’t mooglik it gefolch wêze kinne soene fan persoanielsbesunigings.
Ek is der foar beide hearen twa foarfallen út it ferline mei in eks-freondinne en de heit dy’t beide min behannele binne, dy’t fan beide kanten noch foar wat âld sear soargje.

As de direkteur lykwols syn oanpart ek ha wol fan de opbringst fan de ‘ôftanke’ medisinen dy’t Marten sa moai wit wei te wurkjen, binne de rapen foargoed gear. Dan wurdt it dreech foar Marten hoe’t er de holle boppe wetter hâlde moat. Hy hat dan de loads, it  restaurant en de camping al oerkocht fan Cor Fongers, dy’t de saak no fan him hiert. Cor fielt him besoademitere troch Bok en sint op wraak. De sikehûsdirekteur hat al lang syn nocht fan de op macht beluste Bok. Dan is der noch in persoan yn België dy’t ek reden hat om Bok út ’e wei te rûmjen.
De fraach foar resjersjeur Arjen Witteveen is fansels wa’t Marten Bok demakke hat. Tusken it misdiedtrelit troch spilet it persoanlik libben fan Witteveen net swak by, want hy is in healjier lyn skieden fan syn frou en wennet wer by syn mem yn, gjin ideale sitewaasje.

Wieke de Haan

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: