Katalogus

Paadwizer

Auteur(s)     Eelkje Tuma
Utjouwer     Utjouwerij Fryslân
Ferskynd     2009
Priis     € 17,50
ISBN     978 90 78559 25 2
Sjenre     Romans / Ferhalen
book
Lêsferslach    

Paadwizer

Eelkje Tuma

Flot skreaun boek dêr’t twa libbens troch inoar hinne frissele wurde. Yn it boek folgje wy de oersetster Marike, dy’t yn ‘e kunde komme wol mei de Sweedske skriuwster dêr’t se in boek fan oan ’t oersetten is. It oare ferhaal bestiet út  flarden út de autobiografyske roman ‘Tur’, fan de Sweedske skriuwster Lena Matsson. It wjerfarren fan oan de iene kant Marike en oan de oare kant Lena wurdt om it haadstik mei inoar ôfwiksele. Geandewei it boek stride de beide ferhalen om de geunst fan de lêzer en ik moat earlik sizze dat ik tsjin ‘e ein oan ek earst it iene ferhaal achterinoar oan lêzen haw en doe it oare.
Wat de beide haadpersoanen bynt, is dat se beide net winske swier rekke binne en net rjocht witte hoe’t se mei de takomst oangean moatte. Hoe’t der yn it libben fan de Sweedske skriuwster troch har famylje mei har ûnwennigens omgien wurdt, stiet as folget beskreaun: ‘As je in goed ûnderkommen en in eigen ûnderhâld fûn ha, moatte je tefreden wêze.’
De syktocht fan Marike nei Lena wol mar net slagje; wêrom’t dit sa rint wurdt hielendal oan ‘e ein dúdlik as beide ferhalen gearrane. No is dat fierders net sa’n grut probleem, Marike is eins fuortgien om tiid foar harsels te hawwen, om nei te tinken en om mooglik in beslút te nimmen. Sy hat in behoarlik dominante freon, dy’t der net safolle begryp foar opbringe kin dat se hertsje winter op reis giet. As Marike oan ‘e ein sa’n bytsje út ‘e rie is, komt it dochs allegear noch wer oars.

Wieke de Haan

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: