Katalogus

Bollman & Bollman

Auteur(s)     Marga Claus
Utjouwer     Afûk
Ferskynd     2009
Priis     € 17,50
ISBN     978 90 78559 23 8
Sjenre     Romans / Ferhalen
book
Lêsferslach    

Ferhaal fan Yasper, in bibleteekmeiwurker dy't út it wurk rekke en dy't mei lichaamlike klachten omrint, dy't har oarsprong ha yn psychyske problemen. Hy ferklaait him fan tiid ta tiid as frou, mar doart der net foar út te komme. Alles moat yn 't genyp, allinne as er der wis fan is dat syn frou him net oer 't mad komme kin. De klean skarrelet er op yn kringloopwinkels en de make-up yn drogisterijen dêr't famkes achter de kassa steane.
Op in kear is er lykwols dochs trapearre troch syn frou. Hja kin der hielendal net mei omgean. It draait op in skieding út. Hy fynt stipe by syn kollega Alide mei wa't er syn passy foar frouljusklean diele kin, al hat sy earst net yn 'e gaten, wêrom't Yasper der safolle doel oer hat. Lang om let doart Yasper har ek oer de saneamde 'cross-dressing' yn te ljochtsjen. It luchtet Yasper ôfgryslik op as er der einlings foar útkomme kin en syn freondinne foto's sjen litte kin fan syn 'alter ego' Ina. As in echte freondinne giet se mei Yasper mei nei in winkel dy't in grut assortimint frouljusklean yn manljusmaten ferkeapet en advys op maat jout. Yasper krijt geandewei mear selsbetrouwen en fernimt dat syn lichaamlike klachten navenant ôfnimme.
It ferhaal einiget yn in klimaks dy't spitigernôch mar al te faak de aaklike wierheid is foar minsken wa't foar har passy útkomme, mar dêr't oaren net mei omgean kinne en har agresje en frustraasje op loslitte...

Wieke de Haan

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: