Katalogus
Dat wie doe sa, diel 5: sport
| Auteur(s) | Akky van der Veer en Baukje Wytsma |
| Utjouwer | Afûk |
| Ferskynd | 2009 |
| Priis | € 15,00 |
| ISBN | 978 90 78559 22 1 |
| Sjenre | Ferskaat |
| Lêsferslach | Dat wie doe sa dl 5 SportBaukje Wytsma en Akky van der Veer It fiifde diel giet alhiel oer sportlju yn Fryslân, dy’t no op jierren binne. Yn it boek stiet in moaie miks fan manlju en froulju dy’t ynterviewd binne oer harren sport dêr’t se fol fan sitte. Foar de ien is dat fuotbalje, foar in oar gymmastykje, kuorbalje, aaisykje, reedride, biljerte of keatse. Mei moaie foto’s fan hoe’t dy persoanen der no útsjogge en in aksefoto fan doe’t se eartiids sportyf dwaande wiene derby. Yn dit boek ek gedichten oer de sport, riedspultsjes, in klupliet en foto’s fan bekers en medaljes. Ek de stimpelkaart fan de Alvestêdetocht op redens ûntbrekt net. Fierder in oanfolling mei koarte fragminten út oare boeken, of eardere publikaasjes fan ien fan de skriuwsters, Baukje Wytsma. Foar minsken op jierren, dêr’t dit boek foar ornearre is, sille der in soad oangripingspunten wêze, om it nochris oer ‘froeger’te hawwen. It fenomeen ‘skieppekeutels sykje’ foardat der kuorballe wurde koe op in sportfjild, komt yn ferskate ferhalen nei foarren. Ek it al of net sporten op snein komt hjir en dêr yn de ferhalen foar. Dat minsken net altyd in treningspak hiene, of allinne oan wedstriden meidiene dy’t ‘te befytsen’wiene, jout al oan dat it doe in hiele oare tiid wie as no. Wieke de Haan
|

