| Lêsferslach |
Fan duveldrek oant Hoarnestreek
Jetske Bilker, Neeltsje Bonnema en Mindert Wynstra
Beskriuwing fan in moaie rûte troch Frjentsjerteradiel. Oan ‘e hân fan ferteljûnen yn de doarpen fan Frjentsjerteradiel waard mei help fan meiwurkers fan Tresoar besocht om âlde ferhalen boppe wetter te krijen. Dizze ferhalen en anekdoates binne optekene troch betûfte skriuwers as Jetske Bilker, Neeltje Bonnema en Mindert Wynstra. De eardere parse-fotograaf Ruud C. Hoff hat byldzjende foto’s makke fan de plakken dêr’t de ferhalen harren ôfspile hawwe. De skriuwers namen letter nochris apart kontakt mei de minsken dy’t in bydrage leveren en dy ferhalen of anekdoates waarden dan al of net bewurke en op dizze wize is it boekje ta stân kaam. Yn ‘e midden stiet in kaart fan de gemeente mei dêrop oanjûn wêr’t de ferhalen út it boekje har ôfspile ha. Fansels stiet ek oanjûn hoe’t de rûte fan doarp nei doarp rint en as it yn ‘e auto, mei de fyts, it spoar, of te gean ôflein wurde kin. De koarte feitsjes, soms moaier en soppiger makke troch dejinge dy’t der mei oan kaam, binne yn in kaderke as ‘slach troch de buorren’ opnommen en dêr steane hiele nijsgjirrige dingen yn. Hoe’t de doarpsnammen ûntstien binne en hoe’t de ynwenners út guon doarpen oan it generalisearjende bynamme kamen, wurdt men út dit boekje gewaar. De lêzer komt fan alles te witten oer poarten, kastielen, states, spoeken, in prealgrêf, in argeologyske heuvel en wat al net: 150 bledsiden grôtfol ynformaasje. In prachtich inisjatyf om dit boekwurkje gear te stallen. It soe hiel gaadlik wêze om sa fan alle gemeenten in handich kultuerboekje te meitsjen.
Wieke de Haan
|