Katalogus

Boerewurk

Auteur(s)     Jehannes Doedes de Jong
Utjouwer     Friese Pers Boekerij
Ferskynd     2009
Priis     € 22,50
ISBN     978 90 330 0817 7
Sjenre     Foto- en Keunstboeken
book
Lêsferslach    

Boerewurk

Jehannes Doedes de Jong

Oer de Fryske fotograaf Jehannes Doedes de Jong (1912 – 1996) is in prachtich fotoboek útkommen űnder de titel Boerewurk. Utjouwer Abe de Vries fan de Friese Pers Boekerij hat in seleksje makke fan de foto’s dy’t sa tusken 1950 en 1980 sketten binne. De rűchtsten ha earder publisearre west yn it Fries Landbouwblad. Behalve fotograaf, stie Jehannes Doedes der ek om bekend dat er filme, dichte en krantestikken skreau.
De wearde fan de foto’s leit benammen yn it dokumintęre en it omtinken foar de komposysje. As men troch it fotoboek hinne blędet wurdt al gau dúdlik dat hjir in echte leafhawwer fan it boerelibben oan ’t wurk west hat.
Yn it foaropwurd fan Jan de Jong, syn âld redaksje-sjef by de Friese Koerier, stiet bygelyks dat de fotograaf op ien dei bytiden fiif feekeurings ôfgie en oeral foto’s fan makke. Hy dűkte jűns sels de donkere keamer yn om ôfdrukken te meitsjen.
Yn de ynlieding krije wy in goed byld fan de singeliere man dy’t Jehannes Doedes west hat. It boek foarmet in moai earbetoan oan dizze kleurrike man dy’t it deagewoane, it minsklike op ‘e foto sette woe.
Troch de foto’s yn dit boek yngeand te besjen, krijt men in yndruk fan in ferdwinende boerewrâld. De foto’s sinjalearje ek de komst fan in nije wrâld.
It boek makket in űnderskied yn de folgjende skiften foto’s: pleats, lân, wurk, wetter, bisten en minsken.
De kommintaren binne fan dizze tiid, sa stiet der op side 139 as űnderskrift by in lân fol kij mei hoarnen op ’e kop, te lęzen: Noch gjin earmerken te bekennen.
It falt fierder op, dat der faker net as al ynformaasje yn de byskriftente finen is węr’t de foto makke is (útsein Froubuorren, s. 36; Easterbierrum, s. 38; Winaam, s. 41; Hegebeintum, s. 49; Wânswert, s. 50; Westhim, s. 51; Burdaard, s. 120; Stiens s. 65; Ljouwert, s. 145 en Reitsum, s.146).
Allegear prachtige swart-wyt foto’s dy’t neffens sizzen fan de gearstaller mei soarch yn orizjinele steat ôfprinte binne. Bytiden moast dęr earst retűsjearwurk fan eardere redakteuren foar űngedien makke wurde om de foto’s safolle mooglik werjaan te kinnen, sa’t se troch de fotograaf makke en dus: bedoeld binne. It resultaat mei besjen lije.

Wieke de Haan

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lęst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: