| Lêsferslach |
De kâlde krústocht
Hylke Speerstra
Yn alve frhalen nimt de skriuwer ús mei nei allerhanne iistafrielen. Alle ferhalen ha te krijen mei Alvestêdetochten, is it net de tocht sels, dan is it wol in relaas oer de gefolgen, de ympakt dy’t it folbringen of krekt it sjoemeljen dermei (lykas yn ‘Let berou’) , fan gefolgen hat. Hoe’t minsken inoar bedonderen om mar oan it felbegearde krúske te kommen, hiele pleatsen der mei ferspilen (yn ‘Klúnhove’) of persoanen dêr’t op it deadsbêd it krúske noch fan ûntnadere wurde sil. (yn ‘de alvestêdewidner). Neffens it neiwurd fan de skriuwer binne der mar twa ferhalen dy’t min ofte mear op wierheid berêste, de oare njoggen binne folslein út ‘e tûme sûge. Mar dat docht neat ôf oan de heroyk fan it fenomeen Alvestêdetocht en de grutste skat op ierde: it lytse alvestêdekrúske. Leafdes binne der troch opbloeid, mar ek libbenslange fijânskip binne feroarsake troch it Fryske fenomeen. Ien fan de moaiste ferhalen fûn ik ‘Klúnhove’in opberchplak foar reedriders dy’t fiif of mear alvest6edekrúskes behelle ha. Guon bewenners trene alle dagen op in hometrener dy’t yn ‘e friessel delset is, sadat se der op klear binne as de ‘ Tocht der tochten’ nochris komt.Hoe’t der nei safolle jierren mei de dea yn de eagen noch wraak naam wurdt op in trelit fan froeger, is hast net nei te kommen, mar wol te begripen. Fan in hiel oar sjapiter is it ferhaal oer de tocht fan 2018. In jong stel rydt tegearre de tocht, dy’t typearre wurdt troch wol hiele bizarre waarsomstandichheden: in swiere dize dêr’t elk it paad yn bjuster wurdt, útsein dizze twa minsken dy’t it oprêde mei in sels6untwikkele navigaasjesysteem, dat harren feilleas nei de einstreek fiert.
Wieke de Haan
|