Katalogus

De Frouwepenje

Auteur(s)     Jarich Hoekstra
Harke Bremer
Utjouwer     Utjouwerij Bornmeer
Ferskynd     2009
Priis     € 15,00
ISBN     978 90 5615 213 0
Sjenre     Romans / Ferhalen
book
Lêsferslach    

De Frouwepenje

Harke Bremer en Jarich Hoekstra

De Frouwepenje - Jarich Hoekstra en Harke Bremer
Hoekstra en Bremer, de oersetters fan ferskate Bommelstrips en de skriuwers fan de roman Hâld Faasje, ha harren nijste boek de titel De Frouwepenje meijûn. In penje is in muntstik. Mar op it muntstik fan de titel stiet de ôfbyldng fan Us Leaffrouwe Maria. Ien fan de haadpersoanen út it boek, Tsjaard Haaiena, hie de penje yn syn jonkheid kocht om dy as loksbringer by him te dragen. Folle lok hat dy Frouwepenje him lykwols net jûn, want it sulverstik wurdt yn it begjin fan it ferhaal fûn njonken it lyk fan in jonge frou en letter sit it tusken de stive ‘tsjeaken’ fan Tsjaard syn deade soan Reimer.
In detektive diskear fan it skriuwersduo, dy’t spilet yn de lette midsieuwen yn 1323. De lêzers wurde meinaam nei Auwerk (Aurich) dêr’t in ting fan ‘e Opstalsbeam holden wurdt: in bûn fan de Fryske ‘seelannen’ om ta ûnderlinge gearwurking te kommen.
Op it kleaster Ilo, yn ’e omkriten fan Auwerk, binne geastliken út de sân Fryske seelannen byinoar kommen om te praten oer it advys dat se útbringe sille oan de ôffurdigen fan ’e Opstalsbeam oer de fernijing fan it bûn. Dêr is om fersocht troch de westerlauwerske Fryslannen (it tsjintwurdige Fryslân) fanwege de driging fan in ynfal troch greve Willem fan West-Fryslân (= Noard-Hollân) yn Westergoa en Eastergoa. Mar ienriedigens is der net!
Broer Nanne fan kleaster Blomkamp is as riedsman fan syn abbet Lolle meigien en moete dêr de deis foar it ting syn âlde freon Tsjaard Haaiena. Broer Nanne is begien mei it lot fan syn eardere maat en wol graach helpe om de moard op te lossen. As letter ek noch in tredde deade fûn wurdt, dy’t de bêste freon fan Reimer blykt te wêzen, wurdt al gau tocht dat de Greve fan West-Fryslân der efter sit om op dy wize de mooglike ienheid fan de Fryslannen foar te kommen. Mar dat froulju’s-lyk dan?
Yn in sfearfol ferhaal, mei tige ryk Frysk taalgebrûk, dêr ha de beide skriuwers yn it oare wurk ek al harren masterskip yn toand, wurde de losse eintsjes oanelkoar breide. It slagget broer Nanne om achter de skriklike wierheid te kommen.
De Frouwepenje is in spannende detectiveroman mei in beskieden en sympatike speurder, mei in ferskaat oan nijsgjirrige byfigueren en op de keap ta in in ferrassende ûntknoping.

Janny Bottema

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: