Katalogus

De elandkop fan omke Romke

Auteur(s)     Eppie Dam
Utjouwer     Afûk
Ferskynd     2009
Priis     € 15,00
ISBN     978 90 6273 799 4
Sjenre     (Foar)lêsboeken 6 - 12 jier
book
Lêsferslach    

De elandkop fan omke Romke

Eppie Dam

De elandkop fan omke Romke – Eppie Dam

Ferhaleboek ornearre foar lêzers fan 9 – 12 jier. Dizze ferhalen ha earder publisearre west  yn oare bondels fan Eppie Dam. Hjirnei folget in opsomming mei in koarte ynhâld fan de 24 ferhalen.
1. Nútsjesmoar. Pake syn âldste broer, o sa Frysk, komt op besite. Hy sil ris even in bak mei nútsjesmoar ite, mar syn keunstgebit bliuwt oan inoar fêst plakken en omke smoart der hast yn. Echt ‘nútsjesmoar’ neffens de bern.
2. Dea-boartsje. Krekt dwaan as je dea binne. Mar as heit it wol hiel lang fol wit te hâlden, moat mem der oan te pas komme om heit wekker te tútsjen.
3. De berne-ferskrikker. In fûgelferskrikker dêr’t bern bang foar binne.
4. Cross-fyts. Jille wol graach krekt as oare jonges in reade of swarte crossfyts ha, dêr’t ‘BMX’ op stiet. Syn lytse broerke tinkt dat it in ‘kras’- fyts is en bewurket de fyts mei in spiker.
5. It aai fan Oeds. Pake docht allegear grappen mei Oeds.
6. 4 maaie. Teake is jierdei op 4 maaie en hy begrypt it wol wêrom’t heit en pake sa dreech dogge oer syn klapperpistoal.
7. De nije. Harmke stammeret en wurdt earst pleage, mar dielt ien in stomp út en wurdt dan opnommen yn ‘e groep.
8. In hiele lange glierbaan. Melle is bang om de eagen ticht te dwaan, hy is bang dat er dan dea is. Mem komt by him en leit him út wzat dea-wêzen is.
9. Feestferljochting. Pake leit oan it ynfús. De twaling gosse en Tjitske wurde 10 , mar mem last it feestje ôf; wylst pake dat mar ûnsin fynt.
10. Earlik gemeen. Trynke wint fan har mem mei scrabble-jen, omdat se in letter fan heit krijt.
11. Sjit. ‘Wa’t noch ien kear ‘shit’seit, kin fertrekke.’ Mar as heit ûnder it fuotbaljen: ‘Sjit, sjit, man sjit dan ek.’ seit, wurdt er dermei om ‘e earen slein troch syn bern.
12. Oppasse. Twa broerkes tangelje mei lytse Baukje om. Se jouwe Baukje in rôle koekjes en triuwe in taffelskleed yn ‘e waskmasine.
13. Bril omheech. Wouter docht syn eigen bril omheech, ynpleats fan de wc-bril, as er mei mem by frjemd nei’t húske giet.
14. Hier. Heit wol de earste dei fan ‘e grutte fakânsje syn burd en snor der ôf haq, mar mem fynt it net sa’n sukses. Hylke tekenet mei in swarte filtstift oeral hier en dat fynt mem sa grappich, dat se it wer goedmakket mei heit.
15. Minsken ynterviewe. Aly en goaitske dogge krekt as binne se foar de televyzje as se minsken op ‘e dyk ynterviewe.
16. Tachtich yn ‘e bocht.Mei in âlde bernewein fermeitsje Peter en Mildred har. Nei in skoftsje fynt Mildred der neat mear oan. Sy hat leaver in suske om mei te boartsjen, dêr kin de bernewein moai foar brûkt wurde.
17. In lange leave brief. Marten skriuwt in brief oan syn ferstoarne pake.
18. Blaze. Jehannes is bang om nei de skoaldokter; hy hat fan Durk en Hette wat nuvere ferhalen heard.
19. I am the greatest. Hoe’t in ynfaljuf ôfrekkenet mei in jonge dy’t altyd yn in kamûflaazjepak yn ‘e skoalbanken sit. Sy krijt him safier dat er in spikerbroek en t-shirt oanlûkt.
20. Meinte maillot. Melle sit op ballet en dêr wurdt er mei pleage.  Se helje bygelyks it fentyl út syn fytsbân: ‘Melle hat noait in fentyl hân, hy is in famke.’
21. Patat mei smots. Tsiederijke tusken heit en dochters oer it wurd ‘smots’. Mei allerhanne wurdgrapkes.
22. Oer Hidde prate. Prachtich ferhaal oer in famke dy’t har mem freget om oer har ferstoarne broer te fertellen oan ‘e h6an fan in foto. Yn hiele moaie begryplike taal.
23. de elandkop fan omke Romke. Jonkje is by in omke dy’t froeger boskwachter west hat útfanhûs. Romke fynt de opsetten bisten yn ‘e hûs wol wat silich.
24. Pake praat. Pake giet mei Jopie nei de merke en neitiid geane se tegearre nei’t kafee. Se fertelle inoar sterke ferhalen.

Wieke de Haan

 

 

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: