Katalogus

Under wetter

Auteur(s)     Koos Tiemersma
Utjouwer     Friese Pers Boekerij
Ferskynd     2009
Priis     € 18,50
ISBN     978 90 330 0825 2
Sjenre     Romans / Ferhalen
book
Lêsferslach    

űnder wetter

Koos Tiemersma

Under wetter spilet him ôf yn it Fryslân fan 2065. Hoe stiet it derfoar mei de Fryske taal en kultuer en mei Fryslân sels? Min, striemin. It boek beskriuwt de lęste moannen fan it bestean fan Fryslân as provinsje, foardat de diken trochstutsen wurde sille en Fryslân der űnder strűpt.
De haadpersoan Sil Posset besiket sa lang mooglik yn Fryslân  (Ljouwert) te wenjen. Alle ynwenners moatte nei opfangkampen en dan hoopje op wenrűmte yn de gastlannen. Ast yn ’e stęd bliuwst, moatst hamsterje om te oerlibjen en moatst deroer kinne datst altyd dyn id-papiereboel op oarder ha moatst en dat dyn hâlden en dragen yn ‘e gaten hâlden wurdt.
Sil syn mem Doete, troude yndertiid en krige Freark, dęrnei kaam der in skieding, Doete krige in ferhâlding mei Reja en Sil waard middels in ‘bio-heit’ ferwekt. Hy neamt himsels yn in gedicht dan ek in ‘lesbo-kid’.
Sil hat him oansletten by in aksjegroepke mei de namme FRL.. Der giet lykwols net folle fan út, der wurdt net botte aktyf aksje fierd. ‘Echte Friezen, evenredich oant de dea derop folget.’ (s. 46).De leden dęr’t wy as lęzer mei yn ’e kunde komme: Jarch en Wester, wine har derfoar wei as it der echt op oan komt. As der in man deasketten wurde moat as wraak-aksje, komt dit op Sil del. En dat, wylst Sil altyd by Jarch opsjoen hat: ‘hy wie wat ik węze woe’. (s.37) De aksje hellet neat út, it komt net iens yn ’e parse. It nijs wurdt ferspraat fia Regio-net en wurdt oer de laptop űntfongen, televyzjes binne der net (mear).
De ferstânhâlding tusken de beide manlju, wurdt nei dizze sjitterij ek oars: ‘altyd hie’k by Jarch opsjoen, mar op dat stuit wist ik dat mei dat skot dat ik fan him oernaam, ús freonskip ta in ein kommen wie.’
De trije ‘freonen’ Sil, Jarch en Wester, geane op in foarsisbere wize meiďnoar om, koartsein: Wester ferwitend, sil mei de stikels omheech en Jarch foar de kearsang (s. 99)
Jarch hat in ferhâlding mei Ynke, mar hoe en wat krekt, wurdt net dúdlik. Wol is dúdlik dat sil him ôfgryslik ta Ynke oanlutsen fielt en him ferantwurdlik foar har fielt.
Sil wit te oerlibjen troch in deiboek by te hâlden: earst berget er dat alle kearen sekuer op, mar yn ’t lęstoan nimt er it altyd mei op ‘en paad. As er al oppakt wurdt dan hat er syn hiele besit ek by him. ‘Ik wit dat ik skriuwe moŕt, allinnich sa krijt de gaos gjin fet op my.’(s. 132)
Hy ferlit syn hűs en siket hjir en dęr yn ‘e stęd om in bettere basis, op in etaazje bliuwt er in skoftke en dan op’t lęst yn in kantoarke fan de âld Koopmans moalfabriken, tegearre mei in âl-izerkeapman, dy’t ek net fuort wol út ‘e stęd.
As er dan syn deiboek fan ’t begjin ôf trochlęst, skriuwt er dęroer: ‘Nuver sa’t ik op mysels oerkom. It liket wol as ha’k net werklik bestien, bin ik oars net as in karakter yn in absurd toanielstik dat him ôfspilet yn in űnbestimde tiid.’ (s. 159)
As er wer ris de binnenstęd yn giet, sjocht er himsels as ‘in trochdraaide sűch, dy’t achter de muzyk oan hobbelet’. (s. 180)
‘Wy binne hjir in hoart, spane om en wurde wei, dat is alles. Glorieus, dat woene wy węze, helden dy’t bliuwe soene, al stiet it wetter ús oan de lippen, mar wat bleau der in bytsje fan oer.
Kjeld wurgens en desyllúzjes, mear fielde ik net.’ (s. 181)
Heal desimber beslút sil om dochs fuort te gean, hy komt yn in legerbus telâne. Earst wurdt er mei oaren nei in tinte by assen brocht, dęrnei op trochreis nei in opfangplak nei Dútslân. Hy smokkelet syn kat mei. Yn it opfangkamp yn Dútslân komt er noch âlde ‘aksjefierders’ tsjin, dy’t gewoan wer in nije FRL oprjochtsje wolle en dy’t tinke dat der noch wol erges in potsje jild is om de boel mei op te setten. Begrutlik en sil sűndert him hjir fan ôf en bout in nij libben op yn Litouwen. Yn in neiskrift wurde wy gewaar dat er troud is mei syn grutte leafde Ynke en dat se tegearre trije bern ha.

Wieke de Haan

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lęst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: