Katalogus
Salsafamke
| Auteur(s) | Hanneke de Jong |
| Utjouwer | Friese Pers Boekerij |
| Ferskynd | 2008 |
| Priis | € 15,00 |
| ISBN | 978 90 330 0679 1 |
| Sjenre | Romans / Ferhalen |
| Lêsferslach | SalsafamkeHanneke de Jong Freya, in famke fan fjirtjin jier is mei har âlden en in jonger broerke op fakânsje op Curacao. Har âldere broer Roelof rint dêr staazje, sadwaande. De measte dagen leit de famylje wat neist it swimbad fan harren djoere hotel. Sa út en troch wurdt ris wat ûndernaam, mar folle stelt it net foar. Freya krijt kontakt mei Guido, in freon fan Roelof. Tegearre geane se elke jûn nei it Salsadûnsjen ta, bûtendoar by it hotel. It giet Freya hieltyd makliker ôf, se rekket alhiel ûnder de tsjoen fan it salsa-dûnsjen. Mar dêr net allinne fan, ek fan de geweldige fint dêr’t se Guido foar oan sjocht. Hoewol’t Roelof syn suske in pear kear warskôge hat foar it ladykiller-gehalte fan Guido en ek Guido warskôge is om it net te lappen om wat mei syn suske te begjinnen, is Freya net te hâlden. De gefolgen litte har riede. Wieke de Haan |

