Katalogus

Alde spoaren

Sub titel     reisferhalen
Auteur(s)     Douwe Kootstra
Utjouwer     Friese Pers Boekerij
Ferskynd     2000
Priis     € 3,95
ISBN     90 330 1214 6
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

Alde spoaren is Douwe Kootstra syn fjirde boek mei reisferhalen. Hy docht dêryn ferslach fan in lange reis troch Vietnam. Kootstra beskriuwt hoe’t dit prachtige lân him stadichoan ûntwrakselet oan in ferline fol oerhearsking en oarloch. Fierder folget er kuierjend in Romeinse hearwei yn East-Ingelân, de Peddars Way. Hy dwaalt oer in Europeesk tsjerkhôf yn Portugees Macao, dêr’t er bedarret fia dy oare nijsgjirrige eks-koloanje: Hong Kong. Yn Turkije klimt er nei de ruïnes fan de antike stêd Termessos, wylst er fan syn Ierske reis ûnder oaren it ferhaal fan in bysûndere pub meinimt. As dielnimmer oan de Colin Archer-sylrace fan Lauwerseach nei it Noarske Larvik ûnderfynt de skriuwer wat it libben op in stoarmeftige see ynhâldt. Alde spoaren slút ôf mei in ferhaal fan in besite oan de konsintraasjekampen Auschwitz en Bergen-Belsen. Douwe Kootstra is yn syn reisferhalen gauris op ‘e siik nei spoaren fan it ferline.


« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010