Katalogus

Rimen en Teltsjes

Auteur(s)     Bruorren Halbertsma
Utjouwer     Friese Pers Boekerij
Ferskynd     2009
Priis     € 24,50
ISBN     978 90 330 0863 4
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

Rimen & Teltsjes

Bruorren Halbertsma

Meinimmend, spotsk en o sa gefoelich: de bruorren Halbertsma skreaunen sa’t se sels wienen. Harren sammele wurk, Rimen en teltsjes (1871), is noch sa libben as in hert. Dit folksboek, al mear as in ieu âld, grôtfol ferhalen en gedichten, bringt klassikers as ‘Jonker Pyt en Sibbel’’, ‘It marke’, ‘Deagravers sankje’, ‘De Jonkerboer’ en ‘de reis nei de jichtmasters’. Rimen en teltsjes  is yn Europa ien fan de hichtepunten fan de Romantyk. Parten binne oeset yn it Dútsk en it Nederlânsk. Alle generaasjes 6untdekke dit boek op ‘e nij. Hast like ferneamd binne de printen fan Ids Wiersma, dy’t yn dizze werútjefte ek wer opnommen binne.

Bruorren Halbertsma

Trije bruorren Halbertsma wurken mei oan de Rimen en teltsjes. De bekendste is Joast Halbertsma (Grou 1789 – dimter 1869), mennistedűmny en taal- en letterkundige. Syn jongere broer Eeltsje (Grou 1797 – 1858) studearre medisinen yn Leien en Heidelberch en kaam dęr yn ‘e betsjoening fan ‘e romantyk. Foar Tsjalling (Grou 1792 – 1852) wie de skriuwerij mindr belangryk: hy gie yn saken en waard as bűterkeapman in begoedich man.


« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lęst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010