Katalogus

Alde Maaie

Auteur(s)     Rink van der Velde
Utjouwer     Friese Pers Boekerij
Ferskynd     2000
Priis     € 15,50
ISBN     90 330 1115 8
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

Alde Maaie, de tolfde fan 'e maaimoanne. Fanâlds wie dat yn it Fryske lân de tiid om te ferhúzjen. De âld boer gyng fan de pleats, feinten en fammen en arbeiders sochten oar plak, nearingdwaanden diene de saak oer. En der waard troud op dy datum. Op Alde Maaie 1940 sil Linse Pronk bakker wurde yn Kimswert. Dat is fier yn 't foar ôfpraat en best eld by notaris. Linse sil dan ek mar trouwe mei Yfke, de dochter fan de wâldpyk dy't yn Arum Wylde Gjert neamd wurdt. It hie fansels folle earder moatten, mar toe mar. Op 10 maaie brekt de oarloch út en sit Linse as soldaat op de Grebbeberch. It komt Linse slim ûngelegen, dy oarloch. Baas Pollema en hy soene dy wyks nei notaris ta. Mar wat dogge jo deroan? Linse Pronk hâldt him oan de ôfspraak: hy giet nei hûs ta. Dan binne jo lykwols neffens it oarlochsrjocht al gau deserteur. Mar wat is rjocht? Linse syn soan Eabele siket it sechstich jier letter út en bedarret anno 1999 úteinlik op Koarnwertersân. By it kazemattenmuseum ûntdekt er de wierheid. En Homme Veldstra, de âld-plysjeman, is der tafallich by.


« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010