Katalogus

Ien foar de wraak

Auteur(s)     Joop Boomsma
Utjouwer     Audiofrysk
Ferskynd     2009
Priis     € 13,50
ISBN     978 94 6038 049 5
Sjenre     Harkboeken (folwoeksenen)
Omskriuwing    

De earste deis fan de maitiidsfakânsje wurdt yn in Ljouwerter MAVO it lyk fûn fan in learaar. In ûngelok? Of is der sprake fan opsetsin. De polysje siket en ûndersiket, mar kriget gjin inkeld hâldfêst. It liket der op dat de krekte tadracht yn 'e dize hingjen bliuwt. De dea fan Arnold Hagen sil in riedsel bliuwe.
Jaap Dykstra, kollega, mar benammen freon fan it slachtoffer, leit him dêr net by del. Hy hat ûndertusken sa syn fermoedens en nimt de tried op dy't de plysje slûpe litte moast. Hy docht syn eigen ûndersyk. En wat tichter as er by de wierheid oer de grouwélige dea fan syn freon komt wat mear gefoelens fan wraak er kriget. Gefoelens dy't er úteinlik omset yn dieden. En sadwaande komt der mear boppe wetter: it is gjin spannend spultsje dêr't er yn fersile rekke is, mar de spikerhurde wurklikheid fan de hjoeddeiske misdied.

Ynlêzen troch Sjoerd van Beem


« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010