Katalogus

Aan schor en Stad Niks voorbij / Oan leech en Stêd Niks foarby

Auteur(s)     Tsjêbbe Hettinga
Utjouwer     Friese Pers Boekerij
Ferskynd     2010
Priis     € 2,50
ISBN     978 90 3300 914 3
Omskriuwing    

De Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga (1949) presintearre op de Nasjonale Gedichtedei syn nije twatalige bondel Aan schor en Stad Niks voorbij / Oan leech en Stêd Niks foarby. Spesjaal foar Gedichtedei 2010 mei it tema Oer de grins skreau hy twa lange nije fersen dy’t beide yn it Frysk (de oarspronklike taal) en it Hollânsk (in oersetting fan Benno Barnard) yn de bondel opnommen binne.
Hettinga is mei syn epysk-mytyske taal fol fisionêre bylden en universele lânskippen en syn melodieuze foardracht in opfallende ferskining op nasjonale en ynternasjonale poadia. Hy fersoarge optredens yn ûnder oare Dútslân, Frankryk, Kolombia en de Feriene Steaten. 

plaatsje

Mear ynformaasje: Gedichtendag 2010


« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010